Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.
- in greep út de finsters -
Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.
Yn it Fryske Asegaboek, in samling Fryske wetten út de midsiuwen, koene je neffens Jacob Grimm de woartels fine fan de poëtyske Germaanske taal en kultuer. Yn syn essay Von der Poesie im Recht út 1816 gie er derfoar yn ’e pleit om goed op dy fertutearze skatten te passen. Oebele Vries, auteur fan de blomlêzing Asega, is het dingtijd? (2007) mei de hichtepunten fan Aldfryske tekstoerlevering, fynt de Aldfryske rjochtsteksten op plakken wol byldzjend, mar bellettry is it neffens him net.
Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske
dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar
om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer
nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn
wurk ta de ferbylding sprekt.
Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.
Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494.
In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.