Zolang de boom bloeit

Salang't de beam bloeit.jpg

Meidieling: dizze webside is noch ûnder konstruksje. De kommende tiid sil mear kontent tafoege wurde.

Salang’t de beam bloeit. Koarte skiednis fan de Fryske literatuer is in kompakte, alternative ferzje fan it wiidweidige Nederlânsktalige Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur út 2006. Dat boek wie in ko-produksje fan tsien ferskate auteurs ûnder tafersjoch fan Tresoar. It telde fjouwerhûndert siden en wie tagelyk neislachwurk, oersjochswurk en in boek om der yn om te blêdzjen. Yn 2011 waard it boek opnommen yn de ‘Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren’ (dbnl).

Foar in earste yntroduksje yn de Fryske literatuerskiednis die bliken dat it ‘Wolkeboek’, sa’t it al gau yn de omgong neamd waard, te omfiemjend wie. Dat gou sawol learlingen fan de middelbere skoallen as oare ynteressearren. Om dy reden besleat Tresoar ta Salang’t de beam bloeit, dat ferskynt yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. It inisjatyf ta it boek kaam fan Babs Gezelle Meerburg, bestjoerslid fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD, ien fan de trije belanghawwers fan Tresoar), wurksum as learare-oplieder bachelor en master Nederlânsk en Frysk oan NHL Stenden Hegeskoalle.

Der kaam in redaksje dy’t bestie út Babs Gezelle Meerburg, Goffe Jensma (heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins), Teake Oppewal (koördinator literatuerbefoardering by Tresoar) en Ans Wallinga (dosint Fryske taal en kultuer oan Het Drachtster Lyceum, OSG Singelland). De redaksje stelde de opbou en de omfang fan it boek fêst en frege Joke Corporaal om it boek te skriuwen. Finster 29 waard skreaun troch Teake Oppewal. Nei dy syn pensjonearring naam Meindert Reitsma syn rol as projektkoördinator oer; sy beide hiene de byld- en einredaksje op ’e noed. Op it stuit leit it behear fan de webomjouwing by de ôfdieling ûnderwiis fan de Afûk.
De opdracht oan Joke Corporaal en allyksa de fierdere produksje fan it boek waard mooglik makke tanksij in rynsk subsydzje fan de provinsje Fryslân en fan de Stifting FLMD.

Salang’t de beam bloeit ferskilt yn in tal opsichten fan it Wolkeboek. Omdat der mar ien auteur is, hat it boek mear ienheid fan styl as it Wolkeboek. Fierder is derfoar keazen om de periodisearring algemien te hâlden. Wêr’t bygelyks it Wolkeboek de njoggentjinde iuw begrinzget mei de jiertallen 1822 en 1915, is hjir keazen foar de algemiene oantsjutting 1800-1900. Dat hat as foardiel dat net de yndruk wekt wurdt dat literêre tiidrekken skerp ôf te beakenjen wêze soene en los te keppeljen fan de algemiene kultuerskiednis.
De titel Salang’t de beam bloeit is in koarte fariaasje op de poëtyske ivichheidsformule út it Aldfrysk rjocht. De titel waard yn 2000 ek brûkt foar in samling eigentiidske folksferhalen fan de hân fan Trinus Riemersma (finster 27).

Oer de auteur fan Salang't de beam bloeit
Joke Corporaal (Dokkum, 1979) studearre Nederlânske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Yn 2009 publisearre se in biografyske stúdzje oer ien fan Fryslân syn wichtichste skriuwers, Anne Wadman (1919-1997). It boek krige as titel Grimmig eerlijk. Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur. Corporaal wurket sûnt dy tiid as selsstannich skriuwer, redakteur en oersetter. Op it stuit wennet se yn Denemarken.

Redaksjonele opmerkingen
Yn neifolging fan de wurkwize by it Wolkeboek binne de auteursnammen skreaun sa’t dat tsjintwurdich it meast gongber is. Dat hoecht net altyd te striken mei de skriuwwize dy’t auteurs sels brûkten op it titelblêd fan in publikaasje. Titels fan boeken en oare útjeften dy’t by de earste publikaasje yn in âldere stavering skreaun waarden, binne skreaun neffens de regels fan hjoed as der in moderne werútjefte bestiet. By nammen fan organisaasjes, útjouwerijen, prizen ensafuorthinne jildt de hjoeddeiske stavering as de oanbelangjende nammedrager dy sels ek tapast. Oanhalen binne omstavere wannear’t dat nei it oardiel fan de redaksje ferantwurde wie.

Oantekening
Finster 4 is basearre op Eric Hoekstra syn Waatze Gribberts brulloft & It Libben fan Aagtje Ijsbrants. Twa smaaklike en bejubele ferhalen út ’e 18e iuw, bewurke yn hjoeddeisk Frysk (Elikser, Ljouwert, 2017). De redaksje is de auteur erkentlik foar syn reewilligens in eardere ferzje fan de tekst beskikber te stellen.

Webside
Op dizze webside kinne learlingen en studinten de ynhâld fan it boek fine per perioade en finster. By de finsters wurdt ekstra materiaal oanbean, lykas filmkes oer it ûnderwerp en lêstips. Dêrneist binne by alle finsters opdrachten te finen, dy't de learlingen en studinten meitsje kinne. Foar de dosinten is achter in ynloch materiaal beskikber, lykas antwurden en oanfoljende ynformaasje.