Meidieling: dizze webside is noch ûnder konstruksje. De kommende tiid sil mear kontent tafoege wurde.
It boek Salang't de beam bloeit is ûnder oare ornearre foar learlingen dy’t yn de Twadde Fase it fak Frysk folgje as eineksamenfak en foar studinten út it heger ûnderwiis. Foar it brûken fan dizze literatuerskiednis yn it ûnderwiis is ûnder koördinaasje fan Meindert Reitsma dizze aparte website ûntwikkele troch twa dosinten Fryske taal en kultuer, Ans Wallinga (It Drachtster Lyceum, OSG Singelland) en Gerrit Hoekstra (OSG Piter Jelles, Ljouwert), mei Meindert Reitsma en Babs Gezelle Meerburg as einredakteuren. De foarmjouwing fan it boek en fan de webside wie yn hannen fan Jelle Post.
Op dizze webside kinne learlingen en studinten de ynhâld fan it boek fine per perioade en finster. By de finsters wurdt ekstra materiaal oanbean, lykas filmkes oer it ûnderwerp en lêstips. Dêrneist binne by alle finsters opdrachten te finen, dy't de learlingen en studinten meitsje kinne. Yn de digitale metoade foar it fuortset ûnderwiis, Searje 36, binne ek guon finsters opnommen om te brûken op skoallendy't mei de metoade wurkje.