Zolang de boom bloeit

Hjir kinst kieze tusken 4a en 4b.

Opdracht 4a.
Kanonisearring: hoe komme wy Fedde Schurer yn ús tiid noch tsjin?

Bring op dyn eigen wize yn byld hoe’t Fedde Schurer noch altiten ‘trochlibbet’.

Ynspiraasjetips:
- Sjoch noch eefkes werom nei Opdracht 2.
- Oanknopingswurden: priis, lêzing, strjitte(n), stânbyld, skoalle.

Opdracht 4b.
By Opdracht 2 gie it foar in part om it plak fan Schurer syn stânbyld op It Fean. Dat moat nei De Lemmer ta neffens guont. Wêrom soene dy minsken dat dwaan wolle? 

Tink dy yn dat it stanbyld dêr echt hinne ferhuzet. Dan moat der, ûnder of by it stânbyld, op in plakette in koarte tekst. Der binne twa mooglikheden:

A. Fedde Schurer, skriuwer-dichter.
B. Fedde Schurer, taalstrider.

Wat soesto op dy plakette sette litte: tekst A of tekst B?

Skriuw in artikeltsje mei
- De oanlieding foar de ferhuzing fan it byld,
- De motivaasje foar dyn kar.

Hâld by it skriuwen rekken mei de folgjende punten:
- Dyn tekst hat de foarm fan in ynstjoerd stik.
- Dyn tekst is Frysktalich.
- Lingte fan de tekst: 250-300 wurden.
- Ferdiel dyn tekst yn minimaal twa alinea’s.
- Ferjit de titel net!