A.
Lês ûndersteand gedicht én lês it artikel ûnder neikommende link: http://www.dbnl.org/tekst/_tro005200101_01/_tro005200101_01_0150.php
Bitterswiet
bitterswiet, bitterswiet
priuwt dit lytse leafdeliet
sil dyn ear ’t wol ienris heine
as de fine drippen ’t reine
reine litte oan dyn blinen
silst it hearre as de winen
flaikjend om dy hinne strune
harkest?
hark yn alle tunen
strykt de wyn op ’t spinnetried
bitterswiet dit leafdeliet
wurden?
wurden hat it net
’t ienlik en ûnrêstich hert
kloppet sêfter kloppet hjitter
bitter swiet en swiet en bitter
lústert lichter as de amme
lettertekens fan dyn namme
leafste hâlde de siken yn
priuw de rein en hear de wyn
fiel de drippen hein dit liet
bitterswiet bitterswiet
Tiny Mulder – 1960
It gedicht Bitterswiet wurdt hjir foardroegen troch Jannewietske de Vries: https://www.youtube.com/watch?v=a9wETDDAfw4
B.
Op de webside www.dbnl.nl is it boek Tin iis fan Tiny Mulder folslein opnaam. Lês haadstik 1 en 2 fan it boek. http://www.dbnl.org/tekst/muld018tini01_01