Cookies are small text files downloaded by your computer when you visit a site. Cookies are downloaded to make your experience on Salang't de beam bloeit as enjoyable and useful as possible.
Lês de Finstertekst troch en beäntwurdzje de folgjende fragen:
Skriuw op “Fisuele poëzy is neffens de tekst fan Finster 21 …" Meitsje de definysje ôf.
Sitearje út alinea 2 twa sinnen dy’t beide in wurkwize oanjouwe dy’t past by it begryp ‘fisuele poëzy”.
Yn de earste alinea fan de finstertekst komme twa dichters oan it wurd: Hessel Miedema en Reinder Rienk van der Leest. Beide dogge útspraken oer skriuwen fan literatuer yn it Frysk.
a. Wat is de oerienkomst dêrby tusken beide dichters? b. Hokker stap nimme se beide oangeande Frysktalich wurk? Sitearje fan beide dichters in sin
út de tekst fan alinea 1 dy’t dy stap oantoant/ferdúdliket.
c. Binne beide dichters nei dy stap (fr. 3b) op de ynsleine wei fierdergien? Motivearje dyn
antwurd. Brûk dêrby alinea 1.
Yn alinea 2 stiet dat Quatrebras it blêd fan de ‘Fryske fyftigers’ neamd wurdt. Notearje wat der yn de Nederlânske literatuer bedoeld wurdt mei ‘De Vijftigers’ en wat it wurk fan dy dichters kenmerke.
Yn alinea 2 stiet oan de ein in sitaat fan Lolle Nauta. Wat is de kearn fan dat sitaat ast it hast oer de kwaliteit fan it Frysk yn guon gedichten út Quatrebras?
Yn alinea 3 stiet dat Hessel Miedema in kontroversjele figuer wie.
a. Wat is dat, in kontroversjele figuer?
b. Hokker persoan soesto hjoed-de-dei kontroversjeel neame wolle? Lis dyn keuze út .
Oan de ein fan alinea 2 stiet dat Hessel Miedema syn bekendste gedicht ‘De greate wrakseling’ is.
a. Wat is dat: in wrakseling?
b. Reinder Rienk van der Leest hat it yn alinea 4 ek oer in wrakseling. Sitear de sin út dy
alinea dy’t dat it bêste werjout.