Cookies are small text files downloaded by your computer when you visit a site. Cookies are downloaded to make your experience on Salang't de beam bloeit as enjoyable and useful as possible.
Lês de Finstertekst troch en beäntwurdzje de folgjende fragen:
Yn de earste sin fan de tekst stiet dat der noch gjin ynternet wie.
Notearje puntsgewiis wat it foar dy persoanlik betsjutte soe ast gjin tagong ha soest ta ynternet.
Yn alinea 1 wurde twa organisaasjes foar telefoanpoëzy neamd.
a. Hokker twa binne dat?
b. Wannear begûnen dy beide? c. Wat kinst opfallend neame asty beide tiidstippen en de plakken fan ferskining ferlikest?
Yn alinea 2 giet it ûnder oare om de winsken fan jonge Fryske dichters yn 1967.
Wat woenen dy oars hawwe en/of oars dwaan?
Notearje trije winsken en/of aksjes dy’t dat dúdlik makken.
Helje dyn ynformaasje út de alinea’s 1, 2 en 3.
Yn alinea 4 wurdt de start fan Operaesje Fers op 16 febrewaris 1968 beskreaun.
Tink dy ris yn dat de inisjatyfnimmers beskikke koenen oer de kommunikaasje-
middelen fan no.
Skriuw trije sabeare twitterberjochten dy’t achterienfolgjende gebeurtenissen yn dy
startperioade de wrâld ynslingere wurden kinnen hienen. Sy geane oer begjin, súkses en ein
derfan.
Wêrtroch kaam der yn 1994 in ein oan Operaasje Fers? Brûk de lêste alinea fan it finster
om it antwurd út ôf te lieden.