Hjirûnder steane trije linken nei dokumintêres oer it libben en wurk fan Tsjêbbe Hettinga. Dêrûnder trije linken nei skreaune ynformaasje oer de dichter en foardrager. Kies fjouwer boarnen út om te besjen en te lêzen. Sa krijst in goed byld fan de dichter en minske.
1. Dokumintêre Heit fan Piter Hettinga, de soan fan Tsjêbbe Hettinga:
2. Fryslân DOK oer Tsjêbbe Hettinga:
3. ‘Yn dat Sykjen sûnder Finen’ is in dokumintêre út 2006 fan regisseur Pieter Verhoeff. De film is in portret fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga (1949 - 2013). Verhoeff folge oardel jier lang it libben en wurk fan Hettinga, dy’t sawol yn as bûten Fryslân befaamd is om syn poëzy en foardrachtskeunst.
Skreaune ynformaasje:
http://www.tsjebbehettinga.frl/over/biografie
http://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/37-h/123-hettinga-tsjebbe
https://fy.wikipedia.org/wiki/Tsjêbbe_Hettinga
==============================
Kies ien fan ûndersteande opdrachten om út te wurkjen.
1a. Meitsje in moodboard (= sfearboerd) sa grut as ien A3 oer it libben en wurk fan Tsjêbbe Hettinga.
1b. Sykje in gedicht út fan Tsjêbbe Hettinga en wurkje dat út yn dyn moodboard.
2. Stel in list mei fragen op dy’tst oan de Tsjêbbe Hettinga oer syn dichtwurk stelle wolle soest. Wurkje dat fiktive ynterview út.
3. Skriuw in krante- of tydskriftartikel fan likernôch 200 wurden oer de relaasje tusken it libben fan Hettinga en syn wurk.