Zolang de boom bloeit

rixt.jpg










Rixt fan it Oerd is typysk in foarbyld fan in sêge. Hjirûnder steane ferskillende boarnen en it ferhaal is yn it Frysk taheakke oan dizze opdracht. Dat ferhaal komt út it boek ‘It kweade wiif fan Hylpen’ fan Mindert Wijnstra.

  • http://www.meertens.knaw.nl/beeldenbank/pdf/vss.pdf (bledside 63 - 116)
  • https://www.amelanderhistorie.nl/news/de-sage-van-ritske-mooi
  • https://nl.wikipedia.org/wiki/Rixt_van_Oerd

Fragen:

  1. Wêrom falt it ferhaal Rixt fan it Oerd ûnder in sêge? Mei oare wurden hokker kenmerken fan in sêge hat it ferhaal?
  2. De sêge Rixt fan it Oerd spilet him ôf op It Amelân. Wat is der hjoeddedei werom te finen fan de sêge op It Amelân?
  3. Hoe ‘brûkt’ men op It Amelân it ferhaal? Mei oare wurden hoe wurdt it ferhaal op It Amelân yn eare holden en mei hokker doel?
  4. Der binne noch folle mear ferlykbere folksferhalen by kuststreken. Sykje in ferlykber ferhaal op dat him ôfspilet by de kust fan Nederlân.
  5. Nim in sêne út it ferhaal dêr’t Rixt en Sjoerd yn foarkomme. Ferwurkje dat part yn in dialooch of toanielsêne.
  6. EKSTRA; Gean nei oft der in folksferhaal yn dyn doarp/stêd/krite ôfspilet. Hoe giet dat ferhaal? Wat is der fan werom te finen?