Skimpnammen binne al hiel âld, somtiden mear as 400 jier, mar se binne noch hieltyd aktueel.
Oer it generaal hat de oarsprong te meitsjen mei it ferline. Ut de tiid dat de minsken mear yn in beheind, ‘eigen’ gebied wennen en wurken en wêr’t de sosjale kontrôle grut wie. Der wie in protte earmoed, de ferhâldingen tusken de faak rike wurkjouwers en de earme wurknimmers wie meastentiids beroerd. Boppedat wie der fan mobiliteit hast gjin sprake. De rikeren hienen in koets mei in hynder der foar en de earmeren moasten rinne. Yndustry wie der net. It wie in tiid fan húsflyt dêr’t it hiele gesin oan meidie. Sa wienen der wevers, biezumbiners, stuolmatters, foddeboeren ensafuorthinne.
Allinne by bepaalde gelegenheden kaam men yn kontakt mei minsken út oare doarpen. Bygelyks as der merke, in feest of in religieuze byienkomst wie. Benammen by merken ûntstie der nochal ris rûzje. Der waarden messen lutsen of skerpslipe dûbeltsjes brûkt oan mekoar nei it libben te stean. De dieder waard staft en de doarpsgenoaten waarden tenei útmakke foar ‘Messelûkers’.
De oarsprong fan skimpnammen hat faak te meitsjen mei (achter guon omskriuwing stiet in foarbyld):
(oerset út it boekje Schimpnamen van Friesland troch Dirk van der Heide)
==================================================================
Hjirûnder steane 15 plaknammen út Fryslân en 15 skimpnammen. De skimpnammen en plaknammen komme NET oerien. Sykje de goede plak- en skimpnammen byelkoar.
Doarp/stêd Skimpnammen
Aldeboarn Beantsjes
Berltsum Tuorkemjitters
Burgum Messestekkers
Dokkum Harrekiten
Dronryp Luzeknippers/Luzefeiers
Earnewâld Hûntsjes/Hûniters/Hûnefretters
Frjentsjer Kowesturten
De Harkema Raapkoppen
Harns Lyntsjesnijers
Jirnsum Grenaten
Koudum Tobbedûnsers
Sint Anne Bargesnuten
Sint Nyk Oksen
Tsjom Kattekneppelders
De Westerein Klokkedieven/Sterrekikers
Gean foar 5 doarpen/stêden nei wêr’t de namme skimpnamme weikomt.
Brûk de boarnen hjirûnder.
Faaks jouwe de websites fan in doarp/stêd ek wol ynformaasje oer de skimpnamme en syn ôfkomst.
Of brûk it boekje Schimpnamen van Friesland van Dirk van der Heide.
https://www.frieslandwonderland.nl/?pagina=dorpen
http://www.dbnl.org/arch/corn009nede04_01/pag/corn009nede04_01.pdf (side 119 - 166)
! As dyn doarp of stêd net yn de ynleiding of yn opdracht 1 foarkomt, gean dan nei hokker skimpnamme by dyn doarp/stêd heart. En wêr komt dy skimpnamme wei?