Hjirûnder steane in pear sitaten út it begjin fan ‘Brekber’ út 2014, in roman fan Hilda Talsma (*1971). Oer dit boek: https://www.youtube.com/watch?v=ITJedL6_ePY .
Sinne, de haadpersoan út it ferhaal, tinkt oan in man út har ferline.
“Utsein Bruno dan miskien, dêr wie se slim fereale op. Se skodhollet wyld, se wol net oan Bruno tinke. Hy is net ien gedachte wurdich. ‘Opsokkebolje, Bruno,’ mompelet se yn har sels. Se steane by it stek en Lisanne stiet yn it lân mei in sjegrinige kop. Lafar, de grutte skimmel, stiet ûnferskillich te iten. ‘Komt er net?’ ropt Sinne. ‘Nee! Wat in kutbist. Ik begryp net wat we hjir mei moatte!’”
Krekt letter sjocht Sinne dat der in fôltsje yn ‘e sleat sit. Se kin it der net allinne út krije en bellet om help nei Jorrit, har freon. Mar yn ‘e haast toetst se in ferkeard nûmer yn en kriget se har baas, Richard, der foar. Dat hat se earst net yn ‘e gaten.
“ ’…. ik krij him net allinne by de wâl op. Hie dy stomme kloat fan in Richard no mar nei my lústere. Dy eigenwize lul mient dat er Jezus is, mar dy wâl is dus fierste heech, hin!’ It bliuwt lang stil, se hat it smoar yn. ‘Jorrit! Jou antwurd, man!’ ‘It is mei Jezus. En Jorrit is hjir net.’ Sinne stiet stokstiif en dikeret nei de telefoan. Se hat Richard belle ynstee fan Jorrit’”.
‘Ik skriuw sa’t ik praat en fyn it wichtich dat myn lêzers genietsje fan in moai ferhaal yn de taal fan har hert’, seit Hilda Talsma (*1971).
Opdracht
1. ‘Ik skriuw sa’t ik praat … ‘ Sykje in tal foarbylden fan watsto werkenst as ‘praattaal’ yn beide sitaten.
2. Yn de sitaten steane ek in tal wurden dy’tst erfare kinst as ‘boekefrysk’, dus as foarbylden fan ‘skriuwtaal’. Sitearje minstens twa foarbylden dêrfan.
Hilda Talsma hat it oer ‘genietsje fan in moai ferhaal’.
- Wannear fynsto in ferhaal moai, genietest derfan? Behelje yn dyn antwurd de brûkte taal, foarm én tema’s dy’t dy oansprekke.
- Soe ‘Brekber’ foar dy ûnder de ‘moaie ferhalen’ falle? Motivearje dyn antwurd.
As stipe by Opdracht 1a kinst gebrûk meitsje fan de folgjende link: http://www.hildatalsma.nl/nl/over