Pieter de Groot wie jierrenlang sjoernalist fan û.o. de Ljouwerter Krante. Hy skriuwt foar dat deiblêd noch altiten kollums, benammen oer de Fryske taal en kultuer. Yn de LC fan 11 maaie 2018 stie in bydrage fan syn hân mei dy titel ‘Friezen lêze te min Frysk’. Yn dy kollum stelt De Groot oer de measte minsken dy’t fanâlds Frysktalich binne ûnder oaren:
‘Sokken tinke net oer har taalgebrûk nei. Se kieze de noflikste wei. Foar har ynformaasje ek leafst de Hollânsktalige webside fan de provinsje: mar 1 op de 30 hat in foarkar foar de Fryske fariant. Hoe posityf har hâlding foar it Frysk oer ek is, har gedrach feroaret der net om ... Sil wat it lêzen fan Fryske lektuer de ferhâlding folle oars lizze as 1 op 30?’
Wat konstatearret De Groot oangeande it lêsgedrach fan in soad Friezen mei it Frysk as memme- taal?
Pieter de Groot hat it yn syn kollum oer it lêzen fan Frysktalige literatuer:
De ferkeapsifers (fan Frysktalige literatuer) wize net geunstich. Waarden der tweintich jier en langer ferlyn fan in knappe Fryske roman noch sa’n twatûzen eksimplaren ferkocht, no mei in skriuwer al bliid wêze as der fiifhûndert fan ôfnommen wurde. Mei de kwaliteit hat dat neat te krijen. … Mar de hurde kearn fan foarhinne in pear tûzen tradisjonele Frysklêzers is stadichoan weromrûn nei inkelde hûnderten. De grutte mannichte, dy’t yn ‘e boekwinkel of de bibleteek wol it paad fynt nei Nederlânske of al of net oersette bûtenlânske boeken, wurdt blykber net mear berikt. … skriuwers dy’t sels net op ‘e sutel gean, ferkeapje amper noch in boek.
Hokker konklúzje soest lûke kinne oer it lêzen fan Frysk hjoed-de-dei?
Behelje dêryn: