Zolang de boom bloeit

Yn alinea 2 fan Finster 30 stiet ek dat Friezen har mear ‘meartalich’ fiele as ‘Frysksinnich’. Fansels giet it by meartaligens benammen om Frysk/Nederlânsk, mar it Ingelsk wint ek terrein yn bygelyks deistich taalgebrûk.

  • Op hokker manieren sjochsto de opkomst fan it Ingelsk om dy hinne?
  • Wat fynst fan dy ynfloed? Goed/ferkeard? Motivearje dyn antwurd.

Oer de opmars fan it Ingelsk in nijsgjirrich krantestikje:

dfre.png

Wat makket de titel en it kommintaar fan Jan Dijkstra fan de VU apart/iroanysk?