Jongerein soe skriuwtaal dreger fine as sprektaal. It stiet (ek al wer) yn alinea 2 fan de Finstertekst. As dat wier is, dan soesto (want do bist in jongere) dit sitaat ek dreech fine kinne (want it is skriuwtaal):
De Fryske taal is de ôfrûne desennia fanselssprekkender wurden yn bygelyks it iepenbier bestjoer en (yn sprektaalfoarm) op sosjale media. Tagelyk rint it skriftlik gebrûk neffens de ‘offisjele’ taalnoarm tebek en belytset it oantal sprekkers en lêzers.
Hokker feroaringen soesto yn sa’n skriuwtaaltekst oanbringe om it makliker foar dysels te meitsjen?