Zolang de boom bloeit

Opdracht 4

Ynlieding

Yn de earste alinea fan de finstertekst ‘Poësie im Recht’ steane twa beoardielingen fan de literêre kwaliteit fan Aldfryske teksten. Ien fan Jacob Grimm en ien fan Oebele Vries. Yn Opdracht 4 giet it derom wa’t neffens dy gelyk hat.


- Gean nei http://www.vogala.org.
- Sykje dan it lûdsfragmint fan ‘De Fredeseed’.
- Gean yn de tekst fan ‘De fredeseed’ nei oft dêr ek ‘poëtyske stylmiddels’ yn werom te finen binne.
 (tink bygelyks oan binnenrym, assonânsje, alliteraasje). Skriuw op watst fûn hast.
- It stikje tekst ‘zo lang de wind van de wolken waait’ út dizze fredeseed is ek brûkt as titel
 foar in boek oer de skiednis fan de Fryske Literatuer (2006).

Op side 25 fan dat boek giet it ek om de literêre wearden yn Aldfryske wetsteksten. Sykje yn dy tekst foarbylden fan:
 - in metafoar
 - in saneamde ‘kenning’ (poëtysk byld yn ‘Germaanske’ dichtwurk). Op side 25 ZDW stiet in útlis fan dit begrip ‘kenning’ en do kinst it begryp ek efkes googleje.

- Brûk de ynformaasje dy’tst sa fersammele hast foar in stikje tekst dat sa begjint:
“Oan it begjin fan ‘Poësie im Recht’ kinst lêze dat Jacob Grimm de literêre wearde fan guon Aldfryske teksten lyts/grut fynt. Oebele Vries tinkt dat dy wearde net sa grut/lyts is. Sels fyn ik dat Grimm/Vries* (kieze) gelyk hat,  want ….
- Begjin dyn tekst mei in goede titel en set der in passend plaatsje by.
- De lingte fan dyn notysje is minimaal 150/maksimaal 200 wurden.

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.