Opdracht 3A.
Hoe hearde (= klonk) dat Aldfrysk no? Dêr giet opdracht 3A oer.
Sykje op ynternet: http://www.vogala.org
- Beharkje earst it hiele koarte ‘Hebban olla uogala’.
- Beharkje dan de Aldfryske tekst (Oudfries -> de sage van Karel en Redbad)
a. Ferlykje beide teksten en sykje om oerienkomsten. Tink dêrby foaral oan klanken en wurden. Skriuw dyn yndrukken op.
b. Notearje yn trije oant fiif punten wat dy opfalt oan Karel en Redbad, bygelyks oer de ynhâld de persoanen, .
c. Ferwurkje de ynformaasje yn in oantekening (dat is in stikje tekst mei ynformaasje, bygelyks om dy te brûken by it learen fan in toets of it tarieden fan in presintaasje). Lingte fan dyn oantekening of notysje: 80-100 wurden.
d. Ferjit net om de boppesteande link deryn te setten.
Opdracht 3B.
Ynlieding
Yn de finstertekst stiet ûnder oare:
"Oan de ein fan de achtste iuw liet Karel de Grutte dizze ‘Wet fan de Friezen’ (Lex Frisionum) opstelle, doe’t it heidenske Fryslân definityf ûnderdiel wurden wie fan syn kristlik Frankyske Ryk."
Karel de Grutte syn pake, Karel Martel (mei de klam op Martél. Dat betsjut Striidhammer) wie de man dy’t Redbad, de Fryske kening, dwers siet en dyselde op it lêst ek oerwûn. Yn Opdracht 3B is it dizze Karel dy’t in rol spilet.
- Lês de ynliedende tekst Fan tha koningen Karle ande Redbad.
- Lês dêrnei de alinea’s I en II fan it Aldfryske Fan tha koningen Karle ande Redbad. De striid tusken Franken en Friezen wurdt hjir dus ferbylde as in soarte fan wedstriidsje tusken twa keningen. It giet hjir om itselde stikje tekst dat as harkfragmint 2 opnaam is yn Opdracht 3A.
- Meitsje fan dy tekst/oer dat wedstriidsje in koarte dialooch tusken Karel en Redbad, sis mar in
in toanielstikje foar twa keningen. Jou har beide minimaal seis sprekteksten. Brûk hjoeddeisk Frysk. Notear ek regy-oanwizingen.
Alternatyf: ferwurkje de gebeurtenis as stripferhaal. Of as Teletekstberjocht. Of as kranteartikel. Of as de teksten yn in telefoangesprek tusken dy en in oar. (Hast de ‘wedstriid’ sels sjoen. Begjin sa: No ju, wat ik no meimakke ha….) Of as …
Yn de gefallen fan in skriuwprodukt makkest in tekst fan minimaal 150/maksimaal 200 wurden Frysk. It stripferhaal bestiet út 6 à 8 plaatsjes mei tekening en tekst.
Yn it ynliedende part Fan tha koningen Karle ande Redbad stiet oan de ein: Yn alle gefallen woe de skriuwer mei (de) prolooch it Fryske rjocht in hege status jaan: oerâld en fan godlike oarsprong.
Oer it ûnderstreke part fan dy sin giet de folgjende opjefte.
Opdracht 3C.
- Lês de alinea’s III oant X. Dy geane oer in wûnderlike tocht fan 12 asega’s (rjochters) op see, dyt't help krije fan in bysûndere ferskining. Dy man learde de oare 12 de rjochten sa't dy foar de Friezen wêze moasten.
- Skriuw op wat dit part fan it ferhaal te meitsjen hat mei fan godlike oarsprong.
Tip: sykje út wa’t de man is, dy’t de 12 asega’s op see te help komt.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.