Opdracht 2A.
Ynlieding
Yn de ynliedende tekst fan Haadstik 1 ‘Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1500’ en de finstertekst fan ‘Poësie im Recht’ giet it benammen om Aldfrysk, de taal dy’t yn in grutter gebiet as it hjoeddeiske Fryslân net allinne as sprektaal, mar ek as skriuwtaal brûkt waard. Benammen as it gie om wetsteksten en oare ‘praktyske’ dokuminten.
In tal fan dy wetsteksten wienen bedoeld foar alle Friezen, dus bewenners fan de kuststreek fan Sudersee oant Wezer. Se hieten ‘urkera’, ‘oerkarren’ yn letter Frysk, sis mar: algemien jildende wetsartikelen út dy perioade.
Ien sa’n oerkar (nûmer 2) is yn Nijfryske taal de folgjende:
‘It twadde artikel: as fan de sân seelannen ien ferwoastge wurdt, itsij fan bewapene ridders út it suden of fan kriichslju út it noarden, dat de seis oare gebieten it sânde dan helpe, sadat dat der wer like goed foarstean sil as wa fan de sân dan ek’.
Beäntwurdzje dêr no de folgjende fragen oer:
a. Wa soenen de bewapene ridders út it suden wêze kinne?
b. En wa dy kriichslju út it noarden wei?
Lês de ûndersteande tekst. It is yn it koart artikel 5 fan it Hânfêst fan de NATO/NAVO (1949). Sa’n Hânfêst is in dokumint mei de belangrykste ôfspraken dy’t yn in organisaasje, yn dit gefal de Navo makke binne. Dy Navo is noch altiten in belangrike militêre organisaasje dy’t ûnder oare de frijheid/feiligens fan Nederlân en oare Europeeske lannen garandeare moat:
De Partijen (=dielnimmende lannen) binne oerienkaam dat in wapene oanfal tsjin ien as mear fan'e NAVO-lânnen yn Europa as Noard-Amearika beskôge wurdt as in oanfal tsjin alle dielnimmende lannen. As in wapene oanfal plakfynt, sil elts fan harren (… ) de partij as de partijen helpe, mooglik mei gebrûk fan striidkrêften, om de feiligens fan ’e lannen dy’t grinzen oan de noardelike Atlantyske Oseaan werom te bringen.
c. Wat is opfallend ast de midsiuwske oerkar ferlikest mei de ‘moderne’ ôfspraak fan de Navo?
d. Yn de oerkar hjirboppe wurde ‘sân seelannen’ neamd.
Sykje ris út wat foar lannen dat wienen.
Lis it ferbân mei de Fryske flagge út.
Brûk de ynformaasje dy’tst fûn hast foar in ‘Wisten-jo-dat?’ mei fiif items. Begjin sa:
‘Wisten jo dat …….
de pompeblêden fan …. ‘
Opdracht 2b.
Ynlieding
Yn in oare wetstekst dy’t oerbleaun is (It tweintichste Lânrjocht, opskreaun yn Riustringen, Noard-Dútslân) giet it oer ‘manlju-yn-frjemde-kriichstsjinst’. Yn dit gefal: Friezen dy’t mei de Vikingen meifochten (dy wienen der genôch, soms moast it, mar faak woenen se it ek graach!)
As sokke manlju werom kamen yn Fryslân en sy swarden dat se net út frije wil meidien hienen oan plondertochten en sa, dan waarden sy frijsprutsen!
Fraach: hoe giet Nederlân tsjintwurdich om mei saneamde Syriëgongers, minsken dy’t op ien of oare manier meidien ha yn de konflikten yn Syrië?
Sykje in antwurd op dy fraach troch in kranteartikel oer dit ûnderwerp te sykjen. Tip: brûk dêrby de argyfsite Krant van toen. Kopiear it artikel of meitsje in link oan.
Skriuw hjir in heale A4 oer dizze aktuele kwestje en ferlykje de aktuele situaasje mei dy fan de Friezen yn de iere midsiuwen.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.