Ynlieding
De midsiuwen, de histoaryske perioade fan dit finster, duorje hiel lang: yn in protte skiednisboeken wurde faak de jiertallen 500 en 1500 as begjin en ein oanjûn. No is dat hiel globaal en net foar alle gebieten yn Europa hielendal korrekt, mar it jout wol oan dat it om in hiel lang skoft giet. Dêr kinne wy ús min (of gjin!) foarstelling fan meitsje. Opdracht 1 is bedoeld om wat greep te krijen op sa’n lange perioade en hoe’t bepaalde foarfallen of ûntwikkelingen dy’t mei dit finster te krijen ha dêr yn passe.
Opdracht 1A.
Untwerp in (digitale) tiidbalke oer de perioade 500-1500. Brûk dêr in hiel fel A4 foar.
Op de tiidbalke sels setst de folgjende perioaden út:
• 500-700
• 600-900
• 800-1300
• 802
• 1175
• 1300-1500 (1)
• 1300-1500 (2)
• 1498
Dêr keppelst ien fan de folgjende gegevens oan. Foar de krekte keuzes moatst sawol gebrûk meitsje fan de ynlieding fan Haadstik 1 Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1550 as fan de tekst fan it finster Poesie im Recht.
a. In muonts skriuwt de 1e Aldfryske wurden dy’t bewarre bleaun binne.
b. De tiid fan Frankyske oerhearsking/ynfloed yn de Fryske gebieten.
c. De Saksyske hartogen wurde de baas yn de Fryske gebieten.
d. It Frysk ûntwikkelt him stadichoan ta in herkenbere taal.
e. Tiid fan Aldfryske wetsteksten.
f. Perioade fan it runeskrift.
g. Tiid fan de Fryske Frijheid.
h. Karel de Grutte lit de Lex Frisionum meitsje.
Opdracht 1B.
Ynlieding
‘Eltse grins foarby’ is in liet dat De Kast yn 2005 opnaam hat. It ferske wie skreaun ta eare fan it feit dat Fryslân 500 jier dêrfoar in ‘nije bestjoerlike fase’ yngien wie. Yn de ynlieding fan it Haadstik 1 ‘Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1550’ stiet oer dy nije bestjoerlike faze:
‘It earste bloeitiidrek fan it Frysk as skriuwtaal wie lykwols definityf dien doe’t Fryslân om 1500 hinne oerwûn waard troch de Saksers, de lânsgemeenten ferfongen waarden troch in sintraal oerheidsapparaat en it Aldfryske rjocht ôfskaft. De Fryske bestjoerstaal kaam de Nederlânske foar yn it plak en de Fryske skriuwtaal ferdwûn yn earsten fan it toaniel.’
In protte Friezen fregen har dan ek ôf oft der reden wie foar in (feestlike) betinking yn 2005.
- Beharkje it liet op Youtube (ast goed harkest, hearst njonken Syb van der Ploeg ek Piter Wilkens) en
folgje de tekst. Dêr komt ûnder oare dit fragmint foar:
It jier hast 1500
feroare maatskippij
se lije der net ûnder,
se fiele harren frij.
- Beäntwurdzje de folgjende fragen:
1. Ast nei it sitaat út de finstertekst hjirboppe yn de ynlieding sjochst, wat foar krityk kinst dan op dit stik liettekst ha?
2. De titel is ‘Eltse grins foarby’. Oer hokker grinzen soe it gean kinne ast nei de (politike) situ-
aasje yn it Fryslân fan dy tiid (sis mar koart foar 1500) sjochst?
(Tip: brûk alinea 3 fan de ynlieding fan Haadstik 1).
3. Yn it twadde part fan de liettekst giet it om Europa om 2000 hinne. Hoe past dat by de titel
‘Eltse grins foarby’?
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.