Ynlieding
Gysbert syn sammele wurk ferskynde postúm, yn 1668. It wie neffens ûndersikers benammen Gysbert syn freon Simon Abbes Gabbema dy’t him dêr foar ynset hat. Yn de rockopera (2003) ‘Gysbert, Gysbert’ oer libben en wurk fan de skriuwer is it foaral útjouwer Samuel fen Haringhouk (de namme komst ferskillend skreaun tsjin) dy’t syn bêst docht om ‘De Friesche Rymlerye’ op de merk te krijen. Hjoed-de-dei soe sa’n útjefte foarôf gien wurde troch in marketingkampanje fan de útjouwer.
Tink dy yn dat der yn ús tiid in werútjefte plakfine soe fan ‘De Friesche Rymlerye’. Hoe soest dy dan yn de merk sette?
Untwerp in reklamekampanje foar dy werútjefte anno no. Doch dat sa:
- kies in tal produkten (advertinsje, folder, televysjespot, …)
- meitsje in konseptferzje fan de reklamekampanje. Dêrby makkest foar in papieren produkt
tekst en lay-out, foar in skermprodukt skript en senario.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.