Opdracht 2.
Ynlieding
Gysbert Japix stjert yn 1666. Hy is dan al in bekende en achtenearre persoan. Yn ús tiid soe dat wierskynlik betsjutte dat der yn in deiblêd of tiidskrift in In Memoariam (I.M.) ferskynt.
Opdracht 2a.
Skriuw in I.M. foar Gysbert en hâld dêrby rekken mei de folgjende oandachtspunten:
- Brûk minimaal 600 en maksimaal 800 wurden.
- Wurkje yn alinea’s en brûk tuskenkopkes.
Tip: foarbyld fan in In Memoariam.
Opdracht 2b.
Ynlieding
Ast bekend en achtenearre bist en dan dea giest, dan komme der in protte rou-advertinsjes yn de krante te stean. In protte neibesteanden, freonen en kunde wolle sa harren fertriet kenber meitsje, mar tagelyk ek har bân mei de ferstoarne. Se skriuwe wat oer it belang fan de ferstoarne of beneame har/syn bewûnderensweardige eigenskippen/fertsjinsten.
Meitsje fjouwer rou-advertinsjes op twakoloms formaat dy’t yn 1666 yn in publikaasje stean kinnen hiene. Dy advertinsjes makkest út namme fan (kies sels 4 fan de 6):
1 - Gysbert syn soan, Salves, it iennichste lid fan de húshâlding dy’t Gysbert oerlibbe.
2 - Franciscus Junius, taalgelearde.
3 - Samuel fen Haringhouk, Gysbert syn útjouwer.
4 - Simon Abbes Gabbema, in freon.
5 - It gewestelik bestjoer fan Fryslân.
6 - It Fryske folk.
Oandachtspunten:
- Yn rou-advertinsjes fynst faak boppe- of tuskenskriften. Meastal binne dat motto’s of passende sitaten. Faak wurde se kursyf printe of yn in oar lettertype.
Soargje derfoar dat by 3 fan de 4 te meitsjen advertinsjes in tapaslik boppe- of tuskenskrift stiet.
- Yn alle fjouwer advertinsjes is de relaasje fan deselden dy’t se publisearje mei Gysbert Japix
dúdlik ôf te lêzen. Datselde jildt foar harren wurdearring fan de ferstoarne skriuwer/dichter.
Tip: sjoch earst yn in krante hoe’t rou-advertinsjes der útsjogge.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.