Ynlieding
Yn de jierren 2014-2016 stjoerde de NTR/Schooltv in tal satiryske-edukative skiednissearjes út foar de boppebou fan de basisskoallen en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It begûn mei de searje ‘Welkom bij de Romeinen’. Letter kamen de programma’s oer de Gouden Iuw, de Izeren Iuw en de sechstiger jierren. Reade tried wie dat presintatrise Dorine Goudsmit ‘histoaryske’ personaazjes ûntfong yn har talkshow. Sa prate sy bygelyks mei ‘Julius Caesar’, ‘Jan Pietersz. Coen’, ‘Regentesse Emma’ en ‘president Kennedy’. Dy rollen waarden spile troch betûfte akteurs lykas Gijs Scholten fan Asschat en Lies Visschedijk.
(Om in yndruk te krijen fan sa’n programma, sjoch: www.schooltv.nl -> welkom bij … )
It giet yn dit stik fan saken dan benammen om it ‘bankpetear’ yn de útstjoeringen. Besjoch dat goed.
Tink dy yn dat Omrop Fryslân it format fan ‘Welkom bij …’ brûkt foar in rige sabeare moetingen mei ferneamde Friezen út it ferline. Foar de gelegenheid neame wy dat Fryske programma ‘Wolkom … !’
Ien fan de gasten yn de sabeare searje sil Gysbert Japix wêze. Do moatst it senario foar it ynterview skriuwe. Dat betsjut:
- datst 12 oant 15 fragen foar de akteur dy’t ‘Gysbert’ spilet betinkst.
- datst op dy fragen ek de antwurden dy’t ‘Gysbert’ jaan sil betinkst.
Brûk foar dyn fragesearje de tekst fan it finster oer Gysbert Japix. Kinst ek ynformaasje fine yn it byldmateriaal dat neamd wurdt by it finster oer Gysbert Japix.
Hâld dêrby rekken mei de folgjende oandachtspunten:
- de fragesearje giet foar in grut part oer Gysbert Japix’ literêre karriêre, foar in lytser part oer syn persoanlik libben.
- der meie gjin fragen steld wurde dy’t mei ien wurd of in koart sintsje beäntwurde wurde kinne
- ferwurkje yn alle gefallen:
* mooglike motivaasje foar de keuze foar it Frysk as taal foar literêr wurk,
* syn plak yn de literêre ûntjouwing fan syn tiid, (oardiel oer) tiidgenoaten,
* sinne en skaad yn syn libben en wurk.
* lit ‘Gysbert’ as foarbylden fan dat lêste twa fan syn gedichten foardrage.
- it programma hat in minder hilarysk, iroanysk karakter as syn foarbylden ‘Welkom bij …’
- it ‘bankpetear’ fynt plak mei in goed 60-jierrige ‘Gysbert’.
Opdracht 1A.
Meitsje fan it ynterview in filmke. Lingte maksimaal 8 minuten.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.