Zolang de boom bloeit

Ynlieding: Wat is der hjoed-de-dei noch werom te finen oer Gysbert Japix?

Grutte nammen trochsteane de iuwen. Yn Fryslân is de namme Gysbert Japix grut genôch om noch geregeldwei op te dûken: yn it nijs of yn de iepenbiere romte komst de namme út en troch óf hieltiten tsjin. Yn dy sin kinst it ha oer de ‘kanonisearring’ fan Gysbert.


Meitsje dy kanonisearring fan Gysbert Japix ynsichtlik en sichtber. Doch dat troch in listje te meitsjen. Notear:

1 - Piter Terpstra, trilogy, romans.
2 - Lida Dykstra, berneboek, Mûske myn famke.
3 - Reboelje, rockmusical, Gysbert,Gysbert
4 - Rap, YouTube, Tsjek Gysbert Japix
5 - Gedicht, Faderpaard, Tsjêbbe Hettinga
6 - Berneteater, ‘Master Gysbert, inkele reis Sabeare’

Set by alle fiif ûnderdielen wat de relaasje is mei Gysbert Japix. Tip: brûk foar dizze opdracht de biografy fan Gysbert Japix op de website Sirkwy. Brûk de alinea: Elke tiid syn eigen Gysbert.

Fulje dyn listje oan mei:

7 – stânbyld
8 - museum
9-  literêre priis
10 - strjitnammen

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.