Zolang de boom bloeit

De finstertekst Fryske runen jout in soad ynformaasje oer it runeskrift. Foar ferbreding en ferdjipping fan dy ynformaasje kinst gebrûk meitsje fan boeken, lykas Tusken talen (Jonkman en Versloot 2008) en Zolang de wind van de wolken waait (Oppewal e.o. 2006).

Dy boarnen kinst brûke foar de folgjende ferwurkingsopdracht.

Tink dy de folgjende sitewaasje yn:

Yn de buert fan dyn wenplak binne argeologen drok dwaande mei opgravingen. Belangrykste doel dêrby is om spoaren fan midsiuwske bewenning werom te finen. Dat slagget benammen as der op in dei in foarwerp fûn wurdt mei in runeynskripsje deryn. De argeologen binne út de skroeven, de fynst wurdt meld yn it nijs fan Omrop Fryslân. Sels it NOS-sjoernaal neamt de ynskripsje yn syn jûnsútstjoering.

No is it sa, dat der by jimme ek in regionaal nijsblêd útjûn wurdt. It ferskynt ien kear wyks. De redakteur fan dat blêd is goekunde fan dy. Sy wit datst Frysk yn dyn fakkepakket hast en benaderet dy om in Frysktalich achtergrûnartikel te skriuwen. Giest op har fersyk yn, ek al omdat it dy in ekstra bûssint opsmyt.


Opdracht 1. Skriuw it achtergrûnartikel oer Fryske runen. Hâld rekken mei de folgjende oandachtspunten:

- It artikel hat in ynformatyf karakter.
- Oer de lêzers wurdt ferûndersteld dat sy net in soad witte oer runen yn it algemien.
- De ynliedende alinea beskriuwt de (fiktive) fynst fan de runen by dy yn de buert.
- It middendiel beäntwurdet yn alle gefallen de folgjende fragen (bepaal sels de folchoarder en gearhing):    
         - Wat binne runen?
         - Hoe passe se yn de skiednis fan it ‘Fryske’ skriuwen?             
         - Wêr waarden se nei alle gedachten foar brûkt?
         - Ut hokker tiid stamme se?
         - Hokker fynsten binne al bekend, wêr binne dy dien?     
- Wêr binne hjoed-de-dei runen út dy tiid te besjen?

By de útfiering fan de opdracht hâldst rekken mei it folgjende:

- De titel moat yn it foarste plak prikeljend wêze.
- De ynformaasje is ferdield yn alinea’s.
- Brûk passende tuskenkopkes.
- It artikel telt minimaal 600 wurden.
- By it artikel setst twa passende yllustraasjes mei byskrift. De yllustraasjes kinst fan ynternet helje.

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.