Zolang de boom bloeit

In belangrike Ingelske romantikus wie William Blake. De Halbertsma’s wienen wat jonger, mar hawwe Blake dy’t yn 1827 ferstoar noch as tiidgenoat meimakke.

De dichter Blake is benammen bekend wurden as tekstskriuwer fan it ûnoffisjele folksliet fan Ingelân, Jerusalem, op muzyk set troch Charles Hubert Parry. It is alle jierren de grutte ‘hit’ op de Last Night of the Proms fan de BBC. Om eefkes krekt te wêzen: God save the Queen is it Britske folksliet.

Besjoch op YouTube ‘Jerusalem, The Anthem, with simultaneous lyrics’. Slach foaral acht op it senario, de bylden dy’t by de muzyk/de tekst socht binne.

Nim no de tekst fan ‘De Alde Friezen’, it Frysk Folksliet, De tekst is fan Eeltsje Halbertsma (yn in bewurking fan Jacobus van Loon) en lês dy goed.

Wêr soest bylden út Fryslân fan kieze om brûkt te wurden as ‘yllustraasjes’ by ‘De Alde Friezen’? Hâld dêrby rekken mei de ‘Romantyske’ wize fan tinken.

Meitsje dizze opdracht sa:
Stap 1:

Tiid

bylden fan

0.00-0.10

in wapperjende Fryske flagge

0.11-0.24

….

0.25- …


Stap 2:
Meitsje de fideoklip foar it Fryske Folksliet.

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.