Zolang de boom bloeit

Yn de finstertekst  stiet ûnder de kop ‘Futhark’ dat runen ek nei de midsiuwen foar guon groepen in rol spile ha, faak as in middel ta ûnderskieding of identifikaasje. Understeande opdracht giet djipper op dat ferskynsel yn.

Tink dy de folgjende sitewaasje yn:

De belangrykste fynsten fan de opgravingen (sjoch de ynlieding fan Opdracht 1) wurde toand oan belangstellende bewenners fan de streek. Ofpraat is dat in argeolooch in ferhaal hâlde sil oer it totale ûndersyk. Bist útnûge om in koarte presintaasje te hâlden oer it runeskrift. Tema fan dy presintaasje moat wêze: ‘Runen yn de rin fan de tiid’.


Opdracht 2a.
Meitsje in presintaasje mei Prezi of PowerPoint. Hâld dêrby rekken mei de folgjende oandachtspunten:


- Dyn publyk is net saakkundich, mar wol tige ynteressearre.
- Yn dyn presintaasjeprodukt komme yn alle gefallen oan de oarder:
          - It uterlik fan runen
          - Twa opfettingen oer it gebrûk fan runen (magysk karakter/praktysk)
          - De munt mei de letters Skanomodu
          - In ‘bûtenlânsk’ runefoarbyld
          - Runen yn de nazi-perioade
          - Runen yn hjoeddeiske muzykstreamingen*
          - Runen yn (strip)boeken
          - Oerbleaune rune(n) yn hjoeddeisk Iislânsk
          - Tattoos
          - Tip: ast ris yn de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert bist, kinst ek in opmerklik
          ‘linkje’ nei it Fryske runeferline lizze!
- De presintaasje telt minimaal 10 bylden en maksimaal 12 dielûnderwerpen.
- Alle bylden ha in koart, bypassend byskrift.
- Yn alle gefallen moat dúdlik wêze by hokker tiid it betreffende byld heart.
*Ferwurkje yn dyn presintaasje in passend muzykfragmint.

Opdracht 2b.
Meitsje in kollaazje mei as titel: Runen: eartiids en no.


Dêr ferwurkest minimaal 10 yllustraasjes oer it tema yn. By elke yllustraasje setst in passend byskrift.

Tip: lês opdracht 2a oer Fryske runen om ynspiraasje en ideeën foar dizze kollaazje op te dwaan.

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.