Opdracht 1a
NB. Opdracht 1a moat makke wurde foardat de ynlieding fan Haadstik 6 en Finster 23 lêzen wurdt.
Hjirûnder sjochst fjouwer foto’s fan Trinus Riemersma (1938-2011). Op de tredde foto is it de man rjochts.
Kopiear
ien fan de foto’s en skriuw in ‘Portret fan Ferwachting’. Dat is in
koarte tekst (likernôch 150-200 wurden) yn it Frysk. Yn dyn tekst jousto
antwurd op de fraach: “Watfoar in man is dit dy’t op dizze foto’s stiet
(tink ik)?”
Opdracht 1b
Yn Finster 23 oer Trinus Riemersma stiet in rigel 1/2: Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/mar ik kin der noch minder sonder’.
1. Mei wa of wêroer hie er ‘gedonder’ neffens alinea 1 fan Finster 23?
2. Mei wa hie er ‘gedonder’ (of teminsten ferskil fan miening) neffens alinea 3 fan Finster 23?
3. Mei wa hie er ‘gedonder’ (of teminsten ferskil fan ynsicht) neffens alinea 5 fan Finster 23?
Opdracht 1c
Yn de Ynlieding fan Haadstik 6 wurdt ek al ferteld oer Trinus Riemersma. Dêr stiet (ynkoart) û.o.: Riemersma
hearde (…) by de ‘polemyske bazen’, de protestgeneraasje dy’t
maatskiplike feroaring woe en literêre fernijing. (...) Sy fûnen dat je
yn de literatuer mei skerp sjitte moatte koene en dat literatuer ‘altyd
in bytsje giftich’ wêze moast om de lêzers in spegel foar te hâlden.
1. Wat is in ‘polemyk’? (it grûnwurd fan ‘polemyske’ yn r. 1 fan it sitaat)
2. Op hokker Fryske skriuwer skeat Riemersma mei skerp neffens de paragraaf ‘Koöperaasje en kommersje?’ Kies op basis fan de tekst ien fan de folgjende nammen.
A. op Sije van Merkum
B. op Anne Wadman
C. op Josse de Haan
D. op Rink van der Velde
E. op Durk van der Ploeg
Opdracht 1d
Yn de Opdrachten 1b/c leare wy Trinus Riemersma kennen as in kritysk
man. Ferlykje dat byld mei dyn ‘earste yndruk’ nei oanlieding fan de
foto’s. Komme byld en 1e yndruk mei elkoar oerien?
Opdracht 1e (Allinne foar in N3-studint)
In
kollega-studint(e) MFT wit net wa’t Trinus Riemersma is. Foar har of
foar him makkesto in mini-biografy fan de man. Dêr behannelsto yn:
- Riemersma’s persoanlikheid,
- syn literêre wurk,
- syn staveringseksperimint.
Wurkje
dy trije ûnderwerpen út yn likefolle alinea’s. Rûnje dyn tekst ôf mei
in ynliedende en in ôfslutende alinea. Yn dy lêste beskriuwsto dyn eigen
miening oer de literêre betsjutting fan Riemersma. Ferjit net om yn dyn
tekst de wichtichste boeken fan de skriuwer te neamen. Soargje foar
minimaal twa passende yllustraasjes.