Zolang de boom bloeit

Yn de santiger en tachtiger jierren fan de 20e iuw brûkte Trinus Riemersma in persoanlike stavering. Sûnder al te djip yn te gean op syn motiven: hy wie it net iens mei de spellingspolityk fan de Provinsje Fryslân en it byhearrende belied.

Yn dizze opdracht giet it om Riemersma syn staveringseksperimint en de gefolgen dêrfan foar syn/it lêzerspublyk.

Opdracht 2a
.
Probearje it earst sels ris út. Skriuw de folgjende (neffens de hjoeddeiske Fryske staveringsrigels skreaune tekst) fonetysk op, dat wol sizze: skriuw it op sa asto dat yn dyn Frysk útsprekst.

‘Hee Dúf.’

‘Wat is der?’’
‘Witst wat my laitsjen liket?’
It is freedtemiddei nei skoaltiid en wy sitte by de Pearse Plasse.

(Begjin fan Swarte Swan, Geart Tigchelaar, 2018).

Opdracht 2b.

Fjidde haadstik ien De lapen gear

De seedyk bóppe Marem, Ferwet en Blije mat yn jedder tiden súdleker lein havve. No nog kin mun syn steat werómfyne yn lange, smelle en wot hegere ekers, yn wetterkearingen en tige ôde reden en paden dyt ollegjerre óp ien streek lizze. Tusken Ferwet en de tsjintwuddege seedyk leit san hege eker, en ien fon 'e loanen dyt fan Ferwet nei de seedyk rinne, ut is de Mûndersloane, stjit óp dy hege eker en rint dur un heale kylometer lykwideg mei fwat ur op 'e nij ut nwadden ynstekt.

Dit is it begjin fan Haadstik 4.1 fan Riemersma syn bekendste boek De Reade Bwarre. Notearje/Markearje wurden dy’t neffens dy ôfwike fan it ‘StandertFrysk’ sa’t wy dat leare moatte.

Opdracht 2c.

1. Wat fynsto de bêste oanpak: in persoanlike stavering (lykas dy fan Riemersma) by opdracht 2b of in standerisearre stavering sa as dy op skoalle oanleard en brûkt wurdt? Motivearje dyn antwurd.
2. Soesto in boek fan Trinus Riemersma dy’t yn dizze persoanlike stavering skreaun is, lêze wolle? Wêrom wol/net?
(Nei 1992 is de skriuwer fan syn persoanlike stavering ôfstapt; syn lettere wurk is wer skreaun yn standertfrysk).
3. Hoe soe Riemersma yn ’e tiid dat er syn persoanlike stavering brûkte it folgjende sintsjes oanpast ha? Ta stipe stiet hjirnei noch in stikje fan Riemersma syn tekst út Haadstik 4.1.
    a. Hy sette alle kealtsjes fuort yn 'e skuorre.
    b. De man waard lilk en smiet de kopkes oer de kop.

Oan dot dwaseintsje, en óp dy eker, steane (stiene....) un monneg spultsjes. Fon Ferwet ô rekkene kryge mun tenjesten fwót óp 'e hûkke un út ryklek hout óplutsen hûûs dot ‘ut houten hemeltsje’ hiet. Ut waad un ier of wot tebek mei de grûn gelyk makke. Ut óp twa nei lêste pleatske - un hûûs, un stjinnen hok durefter en nog un houten en golfplaten hok durefter - stjit ek ol jierren leeg en sil ut net lang mear meitsje, nei olle gedachten. Mar yn dot langwizege bouwwurk, hûûs-hok, wennen ienrus, en dû nog sûnder golfplaten mar mei ponstrutsen ponnen, de Módderklauwers, en ja neamden ut iene hok stôl en ut oare hok neamden ja skwórre. Un hok hienen ja wól, of wól hôn, dot wie un planken gefol eane óp ut hiem dêt hinnen, bargen, knynen en rotten yn wennen, mar dot ja óp un rûzerege jestmoan ómreind fûnnen en net wer ópbouwden. Ut wie oarlog dû, en ja hienen mear ferlet fon banhout os fon un leeg hok.