Zolang de boom bloeit

Opdracht 3a.

Oft er it sels in goed idee fûn hie? Mar tink dy yn dat der op 17 maaie 2030 yn syn bertedoarp Ferwert in stanbyld ûntbleate wurde soe fan Trinus Riemersma yn ferbân mei it feit dat it dan 100 jier ferlyn is dat er dêr berne waard. Der soe dan in plakette by it byld stean moatte dy’t oan de foarbygonger dúdlik makket wat foar man der eare wurdt mei it stânbyld.

NB. De tekst moat in byld jaan fan sawol de persoan as de skriuwer Trinus Riemersma.

Skriuw dyn ferzje fan de plakettetekst. It giet om in fiks boerd, dus der meie 200 oant 250 wurden brûkt wurde. De taal is Frysk.

Njonken de Finstertekst 23 oer Riemersma steane hjirûnder ek noch trije boarnen dy’tsto brûke kinst.

http://www.sirkwy.frl/index.php/schrijvers-biografieen/102-r/438-riemersma-trinus
www.myneigeneker.nl
https://www.youtube.com/watch?v=D_j5scv_HiE&t=119s

Opdracht 3b.
Yn guon opdrachten oant no ta binne wy Trinus Riemersma tsjinkaam as in eigensinnich man.


It soe sa mar kinnen ha dat Riemersma syn eigen masterwurk De Reade Bwarre fanút dy eigensinnigens in ‘Net-Lêze! advys’ jûn hie.

(Hy hie syn eigen wurk wol faker kritysk beskôge: yn de skriuwersynfo fan de website ‘Sirkwy’ stiet û.o.: ‘Syn twadde roman By de hannen om’t ôf kaam út yn 1965. Riemersma seit dêr letter sels oer dat ‘hast alle lêzers sa hoflik west ha te ferjitten dat ik it ea skreaun ha’.)

Skriuw in (sabeare) anti-advys oer De Reade Bwarre en basearje dat op de lêste twa alinea’s fan de tekst fan Finster 23. Begjin de tekst sa:

Net lêze! De Reade Bwarre’bedoel ik. It boek is …