Zolang de boom bloeit

A. Ferwurkje ûndersteande antwurden op de fragen yn in útiensetting fan likernôch 500 - 800 wurden. Hoechst de fragen net yn deselde folchoarder as hjirûnder te behanneljen. Soargje ek foar in titel.

1. Wat is dyn ûnderfining mei it (foar)lêzen yn dyn bernejierren?
2. Neam in trije (of mear) titels fan boeken dy't yn dyn bernejierren mei nocht lêzen hast.
   Wêrom fûnst dy boeken krekt sa leuk?
3. Jou in beskriuwing wêr't in goed berne- of jeugdboek kwa ynhâld oan foldwaan moat.
4. Fynst it wichtich dat in berne- of jeugdboek der moai en oantreklik útsjocht? Wêrom
   wol/net?
5. Jou in beskriuwing fan hoe't in oantreklik boek foar jongeren der út sjen moat.
6. Neam (op syn minst) trije boeken (dat meie ek Nederlânske boeken wêze) dy't
   hjoed-de-dei populêr binne by bern/jeugd. Wêrom binne dy boeken populêr?
7. Wêr moat neffens dy in goed berne- of jeugdboek oan foldwaan?

B.
Lês fan de twa boeken haadstik 1 en besjoch de foarmjouwing. Dat binne Torda, de sigeunerhoun út 1930 fan J. van der Ploeg en Pôllebern út 1938 fan Jant Visser - Bakker. It twadde boek fynst by Downloads by it finster.

Beäntwurdzje dan ûndersteande fragen.
Binne der oerienkomsten en/of ferskillen mei dyn útiensetting dy'tst skreaun hast by A?
En soenen bern hjoed-de-dei Pôllebern of Torda, de sigeunerhoun lêze? Wêrom wol of net?

Oer J. van der Ploeg
Oer Jant Visser-Bakker