Dizze opdracht heart by de ynliedende paragrafen fan Haadstik 2 ‘Frysk Leechlân. 1550-1800’ (dus nét by finster 3 oer Waatze en Aachtje).
1. 1. Yn Feroaring troch Hof, Akadeemje en stêd stiet ûnder oaren dat
Ljouwert, Snits, Frjentsjer en Harns harren yn rap tempo ûntwikkelen. Skriuw dy
fjouwer ûnder elkoar, slach idekear twa skriuwregels oer. Notear per stêd
hokker faktoaren dy groei posityf beynfloeden.
Set Dokkum as fiifde stêd by dyn oersjoch. Sykje op Wikipedy hokker ynstitút
foar dy stêd fan belang west hat.
2.
Omskriuw per stêd (fraach 1) hoe’t
it kaam dat de ûntwikkeling dêr oan it ein fan de 18e iuw
stagnearre. Tip: lês de paragraaf ‘Bloei
yn tiden fan delgong’ fierderop yn Haadstik 2. Wikipedy kin ek antwurden
opsmite.
3. Hokker gefolch hie de ekonomyske
en maatskiplike opkomst fan stêden (sjoch fraach 3) foar de ûntwikkeling fan
meartaligens yn it Fryslân fan de 17e en 18e iuw?
4. Yn de paragrafen Feest, … en besinning giet it ûnder
oaren oer dichters út de 17e en 18e iuw en oer harren wurk. Nim
ûndersteand skema oer en fulje dat oan.
Sjenre | Skriuwers | Foarbylden | Opmerkingen |
1. | 2. | Waatze Gribberts |
Ynearsten foaral makke om foar te lêzen, net as teaterstik.
|
6. | 7. 8. | 9. 10. | meastel poëzy oer aktuele gebeurtenissen |
almenakken | 11. | -- | praktyske ynformaasje oanfuld mei faak ferdivedearjend proaza |
6a.
Yn it hiele ynliedende diel fan Haadstik 2 komt in kultuerhistoaryske
perioade oan de oarder dy’t ek troch Fryske skriuwers sjoen waard as
ynspiraasjeboarne. Hokker perioade wie dat?
6b. Skriuw minimaal trije kenmerken fan dy kultuerhistoaryske perioade op.
Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.