Zolang de boom bloeit

Yn de ynlieding fan Haadstik 3 Syktocht nei it wiere Fryslân. Fan 1800-1900 stiet ûnder oare:

Krekt as de rest fan West-Europa is Fryslân yn de besnijing fan de romantyk. It plattelân jildt as ûnbedoarn en as it plak dêr’t yn de taal de folkssiel noch it bêste bewarre wêze soe. It is saak om dy kultuer fêst te lizzen foardat dy troch de moderne ûntjouwingen (lykas de opkomst fan de stoomtrein) ferlern gean kin. It Frysk-eigene wurdt yn de njoggentjinde iuw hieltyd mear lykslein mei it plattelân, de iuwenâlde skiednis, it folkskarakter en de Fryske taal.

- Sykje mei help fan dizze ynlieding en Wikipedy mear ynformaasje oer de Romantyk en oer de bruorren Halbertsma en ferwurkje dat yn it ûndersteande skema.

Hjirboppe yn it sitaat, yn de alinea dy’t dêrop folget en yn de boarnen wurdt de Romantyk in kearmannich beskreaun as reaksje, as tsjinbeweging. Dêrby giet it om
- in ekonomyske ûntwikkeling
- in politike ûntwikkeling
- in geastlike/kulturele ûntwikkeling

Nim it skema hjirûnder oer en folje it yn mei antwurden op de fragen yn kolom 2:

Romantyk
wat is dyn definysje dêrfan?
Reaksje
op hokker perioade?
Ekonomysk
op hokker wize?
Polityk
op hokker wize?
Geastlik/kultureel

op hokker wize?

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.