Yn 1882 joegen twa soannen fan twa Selskipsleden fan de earste oere It Jonge Fryslân út. Dy blomlêzing mei wurk fan jonge dichters, útjûn troch Onno Harmens Sytstra (1858-1939) en Piter Jelles Troelstra (1860-1930), wurdt faak sjoen as in oergong tusken de njoggentjinde-iuwske folkskeunst en mear persoanlike keunst yn de tweintichste iuw.
Bûten Fryslân is
Troelstra yn it foarste plak bekend as foaroanman fan de Nederlânske
arbeidersbeweging. Yn syn jonge jierren wie er ek in warber Frysk
dichter dêr’t de lju in protte fan ferwachten, njonken de heechachte âld
strider Waling Dykstra. Yn 1860 sette dy útein mei syn ûnbidich
populêre ‘Winterjûnenocht’ (finster 9), in soarte fan kabaretjûnen dêr’t
it der benammen om gie in smoute Fryske foarstelling te bieden. No wie
de jongere generaasje ek net fij fan nocht en wille – Troelstra gie der
as studint yn eigen persoan op út om yn doarpsherbergen
‘Simmerjûnenocht’ te bringen – mar tagelyk woene se mei har poëzy in
heger nivo berikke.
Troelstra waard de liedsman fan syn generaasje en hy kreëarre in poadium foar syn eigen, persoanlik wurk yn it famyljetydskrift For hûs en hiem.
Doe’t er him yn 1890 ta it sosjalisme ‘bekearde’ en dêr tsjûgenis fan
ôflei yn syn poëzy, heakken syn lêzers ôf. Dêrnei loek er him werom as
meiwurker. Syn sammele Frysk dichtwurk ferskynde yn 1909 ûnder de titel Rispinge. Op syn stânbyld yn Ljouwert wurdt syn libben yn trije wurden kearneftich gearfette: ‘dichter, strider, steatsman’.
De
beskieden oanrin nei in mear persoanlike keunst soe folle fûler noch
fuortset wurde troch in folgjende generaasje. De folkskeunst betsjutte
yn har eagen úteinlik de dea foar Fryslân. Net foar neat waard har
biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’.