Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 7 - Harmen Sytstra

Fan perioade 1800-1900 Portret Harmen Sytstra


Dat stiifkoppich fêsthâlden oan in stavering dy’t it brûken fan it Frysk befoarderje moast mar dat yn de praktyk krekt net die, bepaalt no it byld fan Sytstra.

‘Min soute Yanche! Cédre-t-uvée vegue esse, qu’en eque dague âne dague nite doune dans hoeilent.’ (‘Mijn zoete Jansje! Sedert Ue weg is, kan ik dag aan dag niet doen danhuilen’). Sa sjocht Nederlânsk der út as it skreaun wurde soe neffens de staveringsregels fan it Frânsk. Harmen Sytstra joech it as foarbyld om dúdlik te meitsjen hoe’t er der fan griisde dat it Frysk skreaun waard yn in Nederlânske stavering. It stiet yn syn Inleiding tot de Friesche spraakkunst (1854) dêr’t er him sterk makke foar in Fryske skriuwtaal basearre op it Frysk fan de Aldfryske wetsteksten. Sytstra hope dat oare Friezen der ek fan oertsjûge wurde koene dat dat de goede stavering fan it Frysk wie. Mei dat hottefyljen oer de stavering wie mear anneks as allinne hurde koppen.

Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.
 
Harmen Sytstra wie ien fan de trije inisjatyfnimmers fan it Selskip. Mei de twa oaren, syn goede freon, de lettere argivaris-bibliotekaris Tiede Dykstra en de deputearre Jacobus van Loon, hie er in soad briefkontakt, mar as skriuwer wie er noch warberder. Yn har stúdzje oer it tydskrift Iduna (Innich Frysksinnich, 2001) lit Babs Gezelle Meerburg sjen dat Sytstra de earste krapoan achthûndert siden (jiergongen 1845-1848) hast hielendal allinne fol skreau. Har analyze fan dy bydragen makket fierder dúdlik dat Sytstra wol romantyske opfettingen hie oer de taal, mar dat er oars as letter wol tocht waard sels gjin romantysk skriuwer wie. Syn belearend en moralistysk wurk past better yn it njoggentjinde-iuwske realisme. Net it yndividu wie de lêzer dy’t Sytstra him dreamde, mar de Fryske mienskip.

Iduna wie noch mar amper úteinset, doe’t nei twa nûmers de earste lêzers har abonnemint alwer opseine. Dat moat in tebeksetter west ha foar Sytstra, mar it feroare neat oan syn beslút om ynstjoerde stikken allinne yn syn eigen stavering te pleatsen en dêr dan byneed ivich oer te redendielen. Dat stiifkoppich fêsthâlden oan in stavering dy’t it brûken fan it Frysk befoarderje moast mar dat yn de praktyk krekt net die, bepaalt no it byld fan Sytstra.

Gezelle Meerburg lit sjen hoe’t Sytstra syn opfetting oer de stavering ferskilt fan dy fan de Halbertsma’s en se bringt dy fyzjes yn ferbân mei it beëage lêzerspublyk. Joast Halbertsma hâlde syn tiidgenoaten út deselde maatskiplike rûnten in idealisearre byld foar fan de njoggentjinde-iuwske boer, en basearre him op ’e sprektaal. Sytstra fûn no krekt dat de boer syn taal noch ferbetterje koe troch te learen fan syn foarfaars. It wie, yn syn eigen wurden (1854), neffens Sytstra mooglik ‘eene algemeene, echt friesche schrijftaal (…) in te voeren, die genoegzaam door alle Friezen, welke hunne taal nog in meerdere of mindere oorspronkelijkheid bewaard hebben, gelezen en verstaan zal kunnen worden, zoodra ze slechts de waarde harer letters hebben leeren kennen.’ De skriuwtaal, en de taalnoarm dy’t dêrút weikaam, moast de sprektaal suverje fan ‘vreemde inmengsels’ dy’t deryn slûpt wiene.

Ek al lies er sels sân talen, Sytstra miste Halbertsma syn talint om stipe te sykjen yn gelearde rûnten. Nei syn dea yn 1862 duorre it net lang foardat ek it Selskip oerstapte op de Halbertsma-stavering dy’t Sytstra syn libben lang bestriden hie. Yn 2012, hûndertfyftich jier nei syn dea, gie it literêre tydskrift Ensafh yn de pleit foar rehabilitaasje fan dizze idealistyske taalstrider. Syn Frysk gedicht (mei Hollânske titel) ‘Spreek je Boers tegen je kinders?!’ makket no ek noch emoasjes los.

321 Iduna-1858.jpg

Titelblêd Iduna 1858.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 10

    It Oera Linda-boek

    It Oera Linda-boek Perioade: 1800-1900

    In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.

  • Finster 5

    De Halbertsma's

    De Halbertsma's Perioade: 1800-1900

    Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’

  • Finster 6

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift Perioade: 1800-1900

    Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken.

  • Finster 8

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen Perioade: 1800-1900

    Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.

  • Finster 9

    Winterjûnenocht

    Winterjûnenocht Perioade: 1800-1900

    Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.