Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 5 - De Halbertsma's

Fan perioade 1800-1900 Spesjaal eksimplaar fan de Lapekoer mei sicht op Dimter, kado fan Joast Halbertsma foar de gûverneur fan Fryslân. Foto: Jan Kalma.


Yn 1871 ferskynde postúm it sammelwurk Rimen en Teltsjes. Yn 1993 seach de tsiende printinge it ljocht yn in oplaach fan twatûzen eksimplaren dy’t binnen in jier útferkocht wie.

Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’ Gabe syn lapekoer waard útwreide yn in twadde en tredde printinge (1829 en 1834), oerset yn it Dútsk (1847) en it Nederlânsk (1860) en op 'e nij oanfolle mei losse ôfleveringen. Yn 1871 ferskynde postúm it sammelwurk Rimen en Teltsjes. Yn 1993 seach de tsiende printinge it ljocht yn in oplaach fan twatûzen eksimplaren dy’t binnen in jier útferkocht wie. It sukses fan dit út soarte Fryske folksboek komt net allinne troch de slûchslimme pr-stunt fan de skriuwers.

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) skreau de Rimen en Teltsjes yn ’e mande mei syn jongere bruorren Tsjalling (1792-1852) en Eeltsje (1797-1858). Sy waarden grut yn in bakkershúshâlding yn Grou. Joast waard letter predikant yn Dimter, Eeltsje dokter yn Grou. Tsjalling, dy’t fan de trije it minst skreau, hie dêr in suksesfolle bûterhannel. Yn de Kanon fan de skiednis fan Fryslân hjit Joast Halbertsma ‘Mister Fryslân’. Fan de trije wie hy it warberst en it ferneamdst.

Joast Halbertsma wie behalve predikant in rjusidich taalwittenskipper mei in brede ynteresse. Hy slagge deryn wittenskippers yn binnen- en bûtenlân foar him yn te nimmen. By syn freonen hearden ûnder oaren Jacob Grimm en Willem Bilderdijk. Op fakânsje yn Fryslân sammele er folksferhalen en siswizen, gebrûksfoarwerpen, portretten en boeken. By in besykster fan syn biblioteek begûn it te dûzeljen mei safolle geleardens. Joast syn boekekolleksje gie noch by syn libben nei de nije Provinsjale Biblioteek yn Ljouwert, dy’t yn 1852 syn doarren iepene foar it publyk. Halbertsma publisearre oer de meast útinoar rinnende ûnderwerpen, net allinne yn it Frysk, mar ek – en folle mear – yn it Nederlânsk. Yn syn tiid gou er as in letterkundige fan kwizekwânsje.

Yn de Rimen en Teltsjes stiet neffens it ‘wurdsje foarôf’ wurk fan de jong ferstoarne boeresoan Gabe, dy’t kreupel wie. Oars as syn fikse broers moast er dêrom ‘skroar’, kleanmakker, wurde. ‘Dizze Gabe koe nuver prate en sjonge, en al wat er sizze woe, koe er yn rym sizze. Skoarje koe er ek wol; mar in jongfaam hie er dochs leaver op ’e knibbel as in âld broek (…) Nei syn dea het beppe onder syn skroarsbank yn ’e lapekoer dizze sankjes en rymkes fûn.’ Sa’n ramtfertelling waard yn de njoggentjinde iuw faker brûkt en joech behalve ekstra geheimsinnigens ek de sfear fan autentisiteit. Yn de rest fan de bondele ferhalen en gedichten (yn de tsiende printinge by inoar hast seishûndert siden) wie Gabe soms personaazje, dan wer kommentator of tahearder. Guon lêzers fergeaten gewoan dat er net wier bestie.

Joast Halbertsma syn brieven litte sjen dat yn it begjin benammen froulju út de hegerein wei wiene fan de ‘Lapekoer’. Sûnder mis spruts ek it groteske karakter fan guon fan de ferhalen harren oan. Halbertsma waard yn 1849 beneamd ta earelid fan it Selskip. Harmen Sytstra hie syn portret oan de wand te hingjen. De Rimen en Teltsjes sketse in langst nei Fryslân dêr’t minsken harsels yn weromkoene, en dat yn in tiid dat de provinsje hurd oan it feroarjen wie en de kulturele elite him lûdop ôffrege hoe’t Fryslân der útsjen moast. Neffens de dichter Obe Postma (sjoch finster 16) joegen de bruorren Halbertsma de lêzer mei de Rimen en Teltsjes ‘’t lân mei greiden en mei marren’.

0438c.jpg

Earste publikaasje fan Eeltsje Halbertsma syn gedicht 'De âlde Friezen' yn de muzyktaheakke by de twadde printinge fan de Lapekoer yn 1829. Yn 1875 soe in oanpaste foarm fan it liet útroppen wurde ta Frysk folksliet.

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Oer de Romantyk

  • 2

    OPDRACHT:

    Oer de bruorren Halbertsma
  • 3

    OPDRACHT:

    De bruorren Halbertsma en William Blake
  • 4

    OPDRACHT:

    Oer it fers 'De Likeblommen'
  • 5

    OPDRACHT:

    Oer Fryske identiteit

Oare finsters

  • Finster 10

    It Oera Linda-boek

    It Oera Linda-boek Perioade: 1800-1900

    In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.

  • Finster 6

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift Perioade: 1800-1900

    Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken.

  • Finster 7

    Harmen Sytstra

    Harmen Sytstra Perioade: 1800-1900

    Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.

  • Finster 8

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen Perioade: 1800-1900

    Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.

  • Finster 9

    Winterjûnenocht

    Winterjûnenocht Perioade: 1800-1900

    Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.