Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 10 - It Oera Linda-boek

Fan perioade 1800-1900 Oera Linda-boek. De earste side is it foaropwurd, rjochte oan ‘Okke min sun’, ‘Okke myn soan’, neffens de lêste trije rigels skreaun troch Hidde over de Linden yn 1256. Foto: Jan Kalma.


It Oera Linda-boek soe it meast oersette en it om utens meast bekende Fryske boek fan de njoggentjinde iuw wurde.

In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’. Sa woene se tagelyk de otterdokse kristliken (dy’t har yn dizze snuorje ôfskieden hiene fan de herfoarme tsjerke) en de stiifkoppige Friezen dy’t in Aldfryske stavering hantearren (sjoch finster 7) in pyk sette. Mar de irony waard net oppikt troch de leden fan it Frysk Genoatskip dy’t de tekst bestudearren. It Oera Linda-boek soe it meast oersette en it om utens meast bekende Fryske boek fan de njoggentjinde iuw wurde.

It Oera Linda-boek kaam yn 1867 yn Den Helder boppe wetter by hellingbaas Cornelis over de Linden, dy’t it as erfstik fan in muoike krigen ha soe. Op fersyk fan bibliotekaris-argivaris Eelco Verwijs stjoerde hy it nei Ljouwert en yn 1870 waard it oan it Frysk Genoatskip foarlein. It manuskript, dat út de trettjinde iuw stamme en in famyljekronyk wie fan Oera Linda (‘Over de Linden’), sa wie de hjitting, beskriuwt hoe’t opperwêzen Wralda trije oermemmen skoep dêr’t trije rassen út fuortkamen. De oerFriezen stammen ôf fan Frya, harren ryk wie it hjoeddeiske Fryslân. Om echter en âlder te lykjen, wiene yn de tekst histoaryske barrens en persoanen opnommen en wie it papier bewurke. Papierûndersyk liet lykwols al moai gau sjen dat it giel wurden papier net âlder wêze koe as 1850, en it die ek bliken dat yn it manuskript mei in knypeach nei de lêzer in koade stie foar it ‘runskrift’.

It Oera Linda-boek dûkte op yn in tiid dat in âlde Fryske kronyk tige wolkom wie, wis ek omdat dy de Friezen linkte oan in beskaving dy’t âlder wie as dy fan de Romeinen en de Griken. De sekretaris fan it Frysk Genoatskip, Jan Gerhardus Ottema (1804-1879) dy’t iroanysk genôch as klassikus op it stedsgymnasium fan Ljouwert Haverschmidt noch les jûn hie, joech it boek út en woe neat witte fan de bewizen dat it om in falsifikaasje gie. De auteurs besleaten dêrom úteinlik om net nei bûten te kommen, en fan it hiele plan om de ‘finen’– de otterdoksen – it leksum op te lêzen kaam neat op ’e hispel.

Goffe Jensma hat sjen litten hoe’t it Oera Linda-boek naadleas oanslút by it libben en wurk fan de yn Ljouwert berne François Haverschmidt (1835-1894). De dichter fan de Snikken en Grimlachjes (1867) wie al wol earder neamd as mooglike betrutsene, mar hy hie it altiten ûntkend, krekt as Over de Linden en Verwijs, oars. Hy kaam as net-troude, moderne predikant telâne yn it tige behâldende Foudgum, dêr’t syn gemeente de Bibel nei de letter lies. Ut frustraasje begûn er mei in allegory oer de rjochtingestriid (de ôfskieding fan de behâldende protestanten út de herfoarme tsjerke), in projekt dat er nei alle gedachten ôfmakke yn Dimter, syn folgjende gemeente. It wie de basis foar it Oera Linda-boek.
 
It Oera Linda-boek mei dan ûntstien wêze út frustraasje, de fermaaklike fynsten jouwe it fermoeden dat de auteurs wol nocht hân ha moatte by it skriuwen. Wierskynlik fertaalde Verwijs Haverschmidt syn tekst yn it ‘Aldfrysk’ en kopiearre Over de Linden de tekst foardat hy it geskrift nei Fryslân stjoerde. Dêr leit it no yn in klûs fan Tresoar. De wûnderlike ynhâld en skiednis fan it manuskript litte sjen hoe beheind de frijheid fan de yntellektuele boppelaach yn de njoggentjinde iuw bytiden wie, lavearjend tusken wat yn frijsinnige rûnten wol en yn otterdokse rûnten net akseptearre waard.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 5

    De Halbertsma's

    De Halbertsma's Perioade: 1800-1900

    Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’

  • Finster 6

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift Perioade: 1800-1900

    Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken.

  • Finster 7

    Harmen Sytstra

    Harmen Sytstra Perioade: 1800-1900

    Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.

  • Finster 8

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen Perioade: 1800-1900

    Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.

  • Finster 9

    Winterjûnenocht

    Winterjûnenocht Perioade: 1800-1900

    Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.