Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 9 - Winterjûnenocht

Fan perioade 1800-1900 It eardere Hotel Jorissen oan de Alde Komerk op It Hearrenfean, dêr’t Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts har earste winterjûnenocht hâlden.


It die bliken, toaniel wie út soarte it medium om de Friezen waarm te meitsjen foar it Frysk.

Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen (finster 8). Ut har wenplak Holwert en Burgum wei teagen sy fan 1860 ôf trije winters lang nei hotels en doarpsherbergen yn alle hoeken en hernen fan Fryslân om dêr in jûnsfoljend programma te bringen. It Frysktalige Winterjûnenocht waard sa populêr dat it oantal foarstellingen nei it earste jier ferdûbele fan tritich nei sechstich en de foardragers der hast fan rûnkomme koene. Oaren folgen. It die bliken, toaniel wie út soarte it medium om de Friezen waarm te meitsjen foar it Frysk.

Dat der yn Fryslân tsjintwurdich sa’n breed droegen toanielkultuer bestiet, komt neffens Bouke Oldenhof trochdat Fryslân nei ferhâlding in grut tal wenkearnen hat, sa’n 330, en trochdat de trochsneed Fryskprater gjin Frysk lêst. Dat wol net sizze dat de minsken harsels net as Friezen sjogge. Om de eigen identiteit op kultureel nivo te erfaren, is toaniel neffens Oldenhof it meast gaadlike medium. Dat toaniel populêr is, sjogge je ek oan it oantal foarstellingen fan it profesjonele toanielselskip Tryater, oprjochte yn 1965. Dat jout mar leafst sa’n fiifhûndert foarstellingen jiers foar yn totaal ûngefear 50.000 besikers.

It Winterjûnenocht wie hast it earste Frysk op ’e planken. Sa’t wy earder al seagen yn de perioade 1550-1880 en finster 4 binne der út de santjinde en achttjinde iuw in oantal Fryske dialogen oerlevere (Johan van Hichtum syn ‘tafelspelen’ foar brulloften en partijen, Gysbert Japix syn Friesche Tjerne, Waatze Gribberts bruyloft, ensfh.) mar dy waarden wierskynlik net opfierd en allinne yn lytse rûnte lêzen. Yn jannewaris 1860 fierde in selskip út Hallum it stik Mâl út, mâl thús op fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Dat is foar safier bekend de earste Fryske toanielfoarstelling. Noch datselde jier begûnen Van der Meulen en Dykstra mei it Winterjûnenocht. Net allinne de titel, mar ek it seizoen wie tûk keazen. Winterdeis wie der net folle wurk yn it boerebedriuw en der wie likemin konkurrinsje fan doarpsfeesten.

Dykstra wie in master yn it skeppen fan Fryske typen. Van der Meulen en hy brochten har oer it fuotljocht op in ymprovisearre toaniel: in Fryske hear en in boer, Jan Kredyt en de lytse middenstanner, de tsjinstfaam ‘Sytske by de pinken’. Dy typen ûntlienden se oan Nederlânsktalige toanielstikken en gearspraken dy’t op merken opfierd waarden, en oan it wurk fan bygelyks Bredero, Huygens en Hooft. Reklame foar de jûnen makken se yn de lokale kranten. Dat it Winterjûnenocht populêr wie, blykt út it grutte oantal optredens en de loovjende resinsjes (de Ljouwerter Krante hie it oer ‘luid gelach’ mar ek ‘diepen ernst’) en ek út it feit dat de foarstellingen útferkocht rekken. Yn it publyk sieten foaral manlju: liberale, begoedige boargerlju en boeren. De hearen op it toaniel mochten graach de gek ha mei de otterdoksen, foar wa’t it toaniel in útfining fan de duvel wie.

Dykstra en Van der Meulen wiene net allinne ferbûn yn har leafde foar literatuer, mar koene beiden it jild dat it Winterjûnenocht opsmiet skoan brûke. It gereizich troch Fryslân yn in tiid dat de earste treinferbiningen en tramlinen noch oanlein wurde moasten wie bytiden dreech. Yn 1863 joech Van der Meulen der de brui oan doe’t er postkantoarhâlder wurde koe. Waling Dykstra gie lykwols troch en stie mei ferskillende tsjinspilers noch fiifentweintich jier op ’e planken.

351 Winterjounenocht programma.jpg

Programma fan in winterjûnenocht yn Koudum, 1862.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Skriuw in ferlykjend artikel oer de Winterjûnenocht


  • 2

    OPDRACHT:

    Skriuw in artikel oer Bouke Oldenhof


  • 3

    OPDRACHT:

    Skriuw in ferslach fan krekt sa'n jûn

Oare finsters

  • Finster 10

    It Oera Linda-boek

    It Oera Linda-boek Perioade: 1800-1900

    In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.

  • Finster 5

    De Halbertsma's

    De Halbertsma's Perioade: 1800-1900

    Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’

  • Finster 6

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift Perioade: 1800-1900

    Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken.

  • Finster 7

    Harmen Sytstra

    Harmen Sytstra Perioade: 1800-1900

    Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.

  • Finster 8

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen Perioade: 1800-1900

    Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.