Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 8 - Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

Fan perioade 1800-1900 Utjouwer T.G. van der Meulen tusken famylje en personiel by it sulveren jubileum fan syn bedriuw yn 1901. Foto: Jan Kalma


‘Waling-om’ (omke Waling) en ‘Tsjibbe Gearts’, sa’t har flaainamme wiene yn de rûnten fan it Selskip, wiene beiden mannen fan tolve ambachten, trettjin ûngemakken.

Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen. Riemersma wiisde der ek op dat de oantsjutting ‘folksliteratuer’ foar de njoggentjinde iuw eins in ferkearde yndruk jout. De earste Fryske romans fan foar 1900 berikten wierskynlik op syn heechst sa’n seishûndert minsken (útgeande fan oplaachsifers) út de liberale middenklasse. Dat makket dit earste, langere Fryske proaza yn de literatuerskiednis fansels net minder nijsgjirrich.

‘Waling-om’ (omke Waling) en ‘Tsjibbe Gearts’, sa’t har flaainamme wiene yn de rûnten fan it Selskip, wiene beiden mannen fan tolve ambachten, trettjin ûngemakken. Waling Dykstra wie de soan fan in bakker en fan berop, it iene nei it oare, bakkersfeint, suteler, ferver, help yn in printerij en fan 1861 ôf boekferkeaper yn Holwert dêr’t er him mei syn grutte húshâlding definityf nei wenjen sette. Underwilens besocht er as skriuwer de kost te fertsjinjen en wie er as redakteur behelle yn alderhande blêden en jierboekjes. Fan de pinne rûnkomme slagge allinne yn syn Holwerter tiid, tanksij it sukses fan it Winterjûnenocht (finster 9) en, nei 1885, in oanstelling as einredakteur fan it earste folslein Frysktalige wurdboek. Freon en Winterjûnenocht-maat fan de earste jierren Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) wie de soan fan in Burgumer klokmakker. Hy hie allyksa allerhande baantsjes foardat er oan de ein fan syn karriêre úteinlik redakteur en útjouwer waard fan de suksesfolle Bergumer Courant. Dykstra en Van der Meulen wiene beide ek befreone mei Harmen Sytstra.

In stellen horloazje wurdt ferwiksele mei in oar horloazje dat foar de grap ôfpakt is. Fan dat lêste horloazje binne de wizers ferset, om geheim te hâlden dat in ferlyfd stel inoar troffen hat. In rjochter bringt op it lêst de wierheid oan it ljocht. Dat is yn in nutedop de yngewikkelde yntriizje fan Fen 1856 oan 1859, dat skreaun wie tsjin it drankmisbrûk. It plot fan de roman De silveren rinkelbel is wat minder yngewikkeld mar noch hieltyd net simpel. Dat histoaryske ferhaal, dat spilet oan de ein fan de achttjinde iuw, draait om in kwytrekke bern en in fûnling, dy’t by einsluten ien en deselde blike te wêzen. Troch in tafallich treffen tusken mem, ûntfierster en adopsjemem komt de wierheid jierren letter boppe wetter. De fûnling ûntdekt syn wiere identiteit en neat kin in lokkich houlik mear tsjinhâlde.

Yn syn ûndersyk nei de noarmen en wearden fan it Fryske proaza fan 1855 oant 1945 fettet Riemersma de ferskillen tusken proaza út de njoggentjinde en tweintichste iuw as folget gear: ‘Wanneer je in de 19e eeuw een roman of een groot verhaal schrijft, dan vertel je over gescheiden geliefden; schrijf je in de 20e eeuw een roman, dan is dat natuurlijk een boerenroman.’ Yn de njoggentjinde iuw ûntstiet de yntriizje troch in fersteuring fan de harmoanyske ferhâldingen yn de mienskip, yn de tweintichste iuw ferplakt it konflikt him nei de binnenwrâld fan de haadpersoan. 

Riemersma merkt op dat it earste Fryske proaza besiket om like goed te wêzen as midsmjittige bûtenlânske literatuer. In bytsje nitelich fergeliket er dat mei in sûvenirswinkeltsje mei ymportearre brol, optúgd mei Fryske flachjes. As wy dit wurk mei moderne literêre mjitstêven beoardielje, steure wy ús oan de moralistyske ferteltoan, de swart wytskema’s en it útwrydske plot. Mar yn har eigen tiid ferwachten lêzers neat oars fan de pionierjende skriuwers Dykstra en Van der Meulen.

Silveren rinkelbel.jpg

De achtste printing fan De silveren rinkelbel út 2003.

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 10

    It Oera Linda-boek

    It Oera Linda-boek Perioade: 1800-1900

    In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.

  • Finster 5

    De Halbertsma's

    De Halbertsma's Perioade: 1800-1900

    Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’

  • Finster 6

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

    De opkomst fan it Frysktalige tydskrift Perioade: 1800-1900

    Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken.

  • Finster 7

    Harmen Sytstra

    Harmen Sytstra Perioade: 1800-1900

    Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.

  • Finster 9

    Winterjûnenocht

    Winterjûnenocht Perioade: 1800-1900

    Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.