Zolang de boom bloeit

1800-1900

Finster 6 -De opkomst fan it Frysktalige tydskrift

Fan perioade 1800-1900 Titelblêd Iduna, 1858


De opkomst fan it Frysktalige tydskrift kinne je net los sjen fan it Frysk Genoatskip en foaral net fan it Selskip.

Stel je libje yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en je wolle in Frysktalich stik publisearje. Dan falle jin twa dingen op: Yn it foarste plak dat der sa’n grutte kar-út is oan periodiken (nei 1850 minimaal fjouwer yn itselde tiidrek mei in respektabele oplaach fan sa’n seishûndert eksimplaren it nûmer) en twads dat der ynhâldlik sa’n bytsje ferskil is tusken de periodiken. Titels lykas De Bijecoer, De Fryske Huesfrjeun en For hûs en hiem litte sjen dat se benammen in boargerlik, braaf karakter hiene. Yn ús iuw fine wy de literatuer dy’t dy tydskriften opsmieten faak net mear sa botte nijsgjirrich, mar nijsgjirrich binne wol it byld fan Fryslân dat de skriuwers sketsten, it nije lêzerspublyk dat se wisten oan te lûken en de skriuw- en taalnoarm dy’t se mei inoar stal joegen.

De opkomst fan it Frysktalige tydskrift kinne je net los sjen fan it Frysk Genoatskip en foaral net fan it Selskip. Beide ferieningen hiene organen dêr’t se har ideeën en doelen yn ferwurden en dy’t ek tsjinnen om de ferskate kriten (ôfdielingen) mei inoar te ferbinen en nije leden mei oan te lûken. Sûnder de finansjele stipe yn de foarm fan groepsabonneminten koene de measte periodiken oars ek net út. Dat gou al foar it Friesch Jierboeckje fan it Frysk Genoatskip en Iduna (1845-1870) dat it Selskip fan 1851 ôf stipe, oant en mei Sljucht en Rjucht, dat mislearre yn 1890 mar fan 1897 ôf suksesfol waard troch it kollektive Selskipsabonnemint en bestie oant 1941.
 
Iduna ferskynde alle moannen, hie sa’n twahûndert abonnees en telde sechstjin siden. Harmen Sytstra sette útein mei Iduna yn in tiid dat der hieltyd mear kranten by kamen yn Fryslân: fan fjouwer yn 1850 nei sechstjin yn 1870. Yn dy kranten wie yn it earstoan gjin romte foar Frysktalich wurk. Iduna krige yn 1851 konkurrinsje fan Waling Dykstra syn De Fryske Huesfrjeun (1851-1868) dat om de moanne ferskynde. Konkurrinsje wie der ek tusken de beide jierboekjes dêr’t deselde twa mannen mei anneks wiene, Sytstra syn Swanneblommen (1850-1916) en Dykstra syn De Bije-coer (1845-1895). Yn de praktyk skreauwen in protte Selskipsleden yn alle fjouwer periodiken. Sy seagen it skriuwen fan Fryske stikken as har grutste plicht.

Tydskriften moatte net allinne fol komme, se moatte ek printe en ferspraat wurde. Oanfitere troch it sukses fan it Selskip begûn in oantal útjouwers yn Fryslân him nei 1840 te spesjalisearjen yn Fryske literatuer. Nije útjouwers wiene bygelyks de Ljouwerter útjouwers Meindertsma (Iduna) en Eisma (Sljucht en Rjucht).

Om in better byld te krijen fan de funksje dy’t de blêden hiene en fan it feroarjende lêzerspublyk moatte wy sjen nei de oplaachsifers, de finansiering en nei wa’t in abonnemint betelje koene. Dat wiene nei alle gedachten allinne minsken út de liberale middenklasse. Neffens in berekkening fan skriuwer Trinus Riemersma yn 1984 koste in jierboekje of in Fryske roman foar in arbeider al gau oardel of twa oere lean. De otterdokse middenklasse, yn Fryslân grutter as de liberale middenklasse, lies gjin Frysk. Dochs binne de oplaachsifers, relatearre oan it oantal leden fan it Selskip, knap heech. Sljucht en Rjucht sette útein mei mar leafst tûzen abonnees yn in tiidrek dat de belangstelling foar it Frysk ek yn sosjalistyske rûnten tanaam. De sifers litte sjen dat de tydskriften en periodiken dêr’t Waling Dykstra yn behelle wie it goed diene. Dat wie omdat er in mear tagonklike stavering brûkte en ek omdat er de krekte toan wist te treffen.

322 De Friske Huesfjeun 1856.jpg

Titelblêd De Fryske huesfrjeun, 1856.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 10

    It Oera Linda-boek

    It Oera Linda-boek Perioade: 1800-1900

    In misbetearde grap dy’t eins folle mear wêze moatten hie as dat. François Haverschmidt, bekend wurden as de Nederlânske dichter Piet Paaltjens, en twa freonen fan him woene mei har Oera Linda-boek sjen litte dat it letterlik nimmen fan de Bibel like ûnsinnich wie as it letterlik leauwen fan it Oera Linda-boek, in sabeare oerâld Frysk manuskript yn ‘runskrift’.

  • Finster 5

    De Halbertsma's

    De Halbertsma's Perioade: 1800-1900

    Omdat minsken no ienkear ‘’t heetst zijn op ’t geen ze niet krijgen kunnen’ joech Joast Halbertsma nei eigen sizzen de hiele earste oplaach (twahûndert eksimplaren) fan de ‘Lapekoer’ kado oan freonen en kunde. It pakte út lykas ferwachte: ‘De liefhebbers die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens, en de weg was gebaand voor alle stukjes, die gevolgd zijn.’

  • Finster 7

    Harmen Sytstra

    Harmen Sytstra Perioade: 1800-1900

    Harmen Sytstra (1817-1862) begûn syn skriuwende karriêre ûnder de namme Harmen Zylstra. Op syn fiifentweintichste hie er genôch sparre om studearje te kinnen foar it foech fan ûnderwizer. Troch oanstellingen as ûndermaster en troch selsstúdzje klom er op ta haad fan de skoalle yn Baard. Yn syn frije tiid skreau er en makke er oersettingen.

  • Finster 8

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen

    Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen Perioade: 1800-1900

    Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.

  • Finster 9

    Winterjûnenocht

    Winterjûnenocht Perioade: 1800-1900

    Hast elk grutter Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening. Dat dy ek regelmjittich Fryske stikken spylje komt mei troch de twa populêre folksskriuwers Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.