Zolang de boom bloeit

1550-1800

Finster 4 - 'Waatze Gribberts' brulloft' nêst 'De Fryske boerinne'

Fan perioade 1550-1800 Fragmint fan de titelside (yn it Nederlânsk) fan de earste útjefte fan Waatze Gribberts yn 1701. ‘Plat’ hat hjir noch net de betsjutting fan ‘fulgêr’ dy’t wy der no oan ferbine.



Yn It Libben fan Aagtje steane petearen tusken Aagtje en har freondinnen, der komt in bûnte optocht foarby fan boeren, boerinnen, tsjinstfammen, baaksters, dokters en predikanten.

It koe absolút net wier wêze, beswarde Joast Halbertsma goed hûndert jier letter, dat der oait ‘zulke domme, grove en ongemanierde vlegels op den bodem van Friesland geleefd hebben’. En it wie sa, de bizarre sênes fan it toanielstik Waatze Gribberts bruyloft (1701) litte jin tinke oan filmkes op YouTube, bygelyks wannear’t Waatze fertelt dat er syn eigen koarre opslikke hat doe’t er sa dronken wie as in kanon. Wie dit (anonime) toanielstik yn de achttjinde iuw noch oeribele populêr, yn de njoggentjinde iuw waard der skande fan sprutsen. Lokkich die bliken dat it de bewurking fan in Dútsk toanielstik wie.

‘It hert janke my nei Wobbeltsje! Ik rûn der fandinne en frege koart alle lju wêr’t Wobbel wenne. Der wie net in stêdteef dy’t it wist en ik rûn sa wol twa oeren lâns de strjitten en koe se nearne fine. Doe waard ik sa near en sa bang dat ik hast beswime hie. Tenlêsten kaam my jitte ús âlde buormans feint yn ’e mjitte, dy holp my terjochte. En doe’t ik it hûs seach, doe wipte my it hert fan freugde as in lammesturt! Ik gong nei it hûs en frege wêr’t Wobbeltsje wie. Doe sei de jonker, wat ik mei Wobbeltsje woe? Ik sei, ik woe frije!’ (oanhaal út Waatze Gribberts brulloft).* 

De ûndertitel fan Waatze Gribberts, miskien skreaun troch de populêre almenakskriuwer Douwe Simonides (sa’n 1666 - nei 1725) wie ‘Acht aerdige en geneuglijcke uyt-komsten, vertoonende de slechten boeren aerd, plompe zeede ende drollige reden; seer genuchlijck en vermaeckelijck om te lesen. In ’t platte Friesch.’ By de achttjinde-iuwske lêzers hearden wierskynlik Frjentsjerter studinten dy’t inoar út it boek foarliezen, mar ek lêzers fan de almenakken. Waatze Gribberts waard oant 1840 yn alle gefallen sân kear op 'e nij printe. Net allinne de skriuwer wie anonym, fan 1820 ôf wie de útjouwer dat ek. Want yntusken waaide de wyn fan de ferljochting troch Nederlân.

It Libben fan Aagtje IJsbrants, of dy Frieske boerinne (1779) is de libbensbeskriuwing fan in praat-en pronksike boerinne. It waard wierskynlik skreaun troch de Fryske boer, dichter en autodidakt Eelke Meinerts (1732-1810) út Westergeast by Dokkum. Yn It Libben fan Aagtje steane petearen tusken Aagtje en har freondinnen, der komt in bûnte optocht foarby fan boeren, boerinnen, tsjinstfammen, baaksters, dokters en predikanten. Eric Hoekstra, in kenner fan de Fryske literatuer yn de santjinde en achttjinde iuw, is fan betinken dat ús byld fan dat tiidrek te folle behearske wurdt troch reus Gysbert Japix. Neffens him hawwe je as lêzer fan It Libben fan Aagtje it gefoel dat je prachtige, yntime petearen ôfharkje tusken froulju oan de ein fan de achttjinde iuw. Aagtje stjert fol berou oer har pronksucht en dat se der sa rij yn omsloech. Har man Tys bliuwt ferromme achter.

Smidske: Sa Bauk al wer! Dat giet ommers puer as de kninen, alle jierren in bern, en noch grou en fet. Ik wit net hoe’t sokke froulju it ha.
Aagtje: En ik net! Ik kin tenminste sa net.
Tryn Bont: Bauk ek net, se wol alle earsopgongen mei te dûnsjen. As se yn ’e kream komt, sjocht se nei it bern net om, dat moat oan de pypkanne en dêr moat de faam op passe. As se út it kreambêd komt, is se fet, seit Romke, dat er gjin ribben hast bestjitte kin, en se giet der alle dagen op út. Wat it sin har yn jout, docht se. Sa kinne de froulju wol fleurich wêze en alle jierren in bern helje.
Pyttsjemuoi (kreamfrou): Dat binne bêsten foar my.
Aagtje: Ja, en ek foar de deagraver; want der springe in protte hjir oer de kling! (oanhaal út It Libben fan Aagtje IJsbrants).

* Finster 4 is basearre op Eric Hoekstra syn Waatze Gribberts brulloft It Libben fan Aagtje IJsbrants. Twa smaaklike en bejubele ferhalen út ’e 18e iuw, bewurke yn hjoeddeisk Frysk (Elikser, Ljouwert, 2017). De redaksje is de auteur erkentlik foar syn reewilligens in eardere ferzje fan de tekst beskikber te stellen.

0316b.jpg

Titelside fan Waatze Gribberts fan 1820. It Frysk wurdt no oantsjut as ‘Lân-Friesk’.



Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:


    Ferskate fragen by perioade twa.

  • 2a.

    OPDRACHT:


    Halbertsma oer Waatze Gribberts.

  • 2b.

    OPDRACHT:

    Oer Waatze Gribberts brulloft


Oare finsters

  • Finster 3

    Gysbert Japix

    Gysbert Japix Perioade: 1550-1800

    Yn syn freonerûnte wie de Fryske dichter Gysbert Japix de iennichste dy’t yn it Frysk briefke. Wêrom’t Gysbert Japix foar it Frysk keas, is in riedsel dat noch altyd net oplost is. Dizze iene ‘ienfâldige skoalmaster’ hat in wichtich merk set op de Fryske literatuer.