Zolang de boom bloeit

1550-1800

Finster 3 - Gysbert Japix

Fan perioade 1550-1800 Utrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan dichter Jacobus Q. Smink troch deputearre fan Kultuer Jannewietske de Vries. Boalsert, 12 oktober 2013. Foto: Haye Bijlstra, Tresoar.


Hoe koe Gysbert Japix útgroeie ta it boechbyld fan de Fryske literatuer? Op it foarste plak fanwegen it wurk sels. Hy liet in moai grut oeuvre nei yn in tiid dat oare skriuwers heechút in pear stikjes yn it Frysk skreauwen.


Yn syn freonerûnte wie de Fryske dichter Gysbert Japix de iennichste dy’t yn it Frysk briefke. Wêrom’t Gysbert Japix foar it Frysk keas, is in riedsel dat noch altyd net oplost is. Dizze iene ‘ienfâldige skoalmaster’ hat in wichtich merk set op de Fryske literatuer.

Gysbert Japix (1603-1666) wenne it grutste part fan syn libben yn Boalsert. Hy gie dêr op de Latynske skoalle en waard der letter skoalmaster. Hy debutearre yn 1640 mei de Friesche Tjerne, in brulloftsferhaal (Tjerne is de haadpersoan). Syn wurksum libben wurdt faak yn trijen ferdield. Yn de earste fase skreau er ferdivedearjende teksten lykas de Tjerne, tusken 1651 en 1655 sette er fyftich psalmen oer yn it Frysk en yn de lêste fase fan syn libben makke er benammen gelegenheidsgedichten. Dat lêste wurk wurdt hjoeddedei wat stroef fûn troch it tichtpakte, barokke karakter fan de taal. Gysbert Japix basearre syn wurk op foarbylden út de klassike âldheid en op it wurk fan tiidgenoaten lykas Vondel en Huygens. Hy stoar yn de lêste pestgoarre dy’t Nederlân trof en waard begroeven yn de Martinitsjerke yn Boalsert. By syn libben ferskynde allinne de Friesche Tjerne as boekútjefte. Syn samle wurk, dat Gysbert beskieden Friesche Rymlerye neame woe, ferskynde twa jier nei syn dea yn in lytse oplage foar freonen. Mar oan de ein fan de santjinde iuw begûn syn stjer te rizen en sûnt is de belangstelling foar de dichter net mear ôfnommen.

Hoe koe Gysbert Japix útgroeie ta it boechbyld fan de Fryske literatuer? Op it foarste plak fanwegen it wurk sels. Hy liet in moai grut oeuvre nei yn in tiid dat oare skriuwers heechút in pear stikjes yn it Frysk skreauwen. ‘Gouden fersen’ skreau Gysbert neffens kenners yn binnen-en bûtenlân. Philippus Breuker, dy’t wiidweidich stúdzje makke fan Gysbert Japix en syn wurk, sprekt lof fan it fakmanskip fan de dichter. Gysbert Japix liet sjen dat it Frysk as kultuertaal brûkt wurde koe en soarge sa foar nije lêzers. Yn syn eigen tiid wiene dat lju út de hegerein, bygelyks fan de Frjentsjerter Akademy en it Stedhâlderlik Hof. Foar de lêzer fan hjoed-de-dei is de grutste stroffelstien om Gysbert syn wurk te lêzen de stavering, dy’t hiel oars is as hoe’t wy hjoed it Frysk skriuwe. Gysbert betocht dy stavering sels, krekt sa’t de rederikers dat diene foar it Nederlânsk. Hy wie him fan syn pioniersfunksje goed bewust, want hy skriuwt earne dat men ‘uwz friesche tonge (…) t’onrjuechte beschildget dat me him mey nin lett’ren uwt-bijldje schoe kinne’ (ús Fryske taal der ûnterjochte fan beskuldiget dat dy op gjin inkele wize skreaun wurde kinne soe).

Gysbert Japix sei fan himsels dat er ‘sljocht en rjocht’ wie (ienfâldich en rjochtút). Hy mocht dan in ienfâldige skoalmaster wêze, hy hie wol wichtige konneksjes, lykas Simon Gabbema (1628-1688), de skiedskriuwer fan Fryslân, dy’t syn samle wurk útjoech. Fierder is it bekend dat it Stedhâlderlik Hof syn heit genegen wie en dat Gysbert syn wurk dêr nei de dea fan de dichter rûngie. Belangryk wie ta beslút de bewûndering fan de Nederlânske taalgelearde Franciscus Junius (1591-1677) dy’t Frysk fan Gysbert Japix leare woe foar in trijetalich wurdboek Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk. Hy kaam tusken 1646 en 1648 geregeld by Gysbert del en naam hânskriften mei werom nei Ingelân dêr’t er wurke. Yn de njoggentjinde iuw dûkten se op yn de Bodleian Library yn Oxford. Yn dyselde snuorje frege de Frjentsjerter heechlearaar Everwinus Wassenbergh ek om omtinken foar it wurk fan Gysbert Japix. Yn 1823 kaam der in boarstbyld fan de dichter yn de Martinitsjerke. Dêr is Gysbert Japix no in stille tsjûge by de útrikkingen fan de literêre priis dy’t syn namme draacht.

203 0300 GJ portret Mathijs Harings zwaar bestand.jpg
Portret fan Gysbert Japicx troch Matthijs Harings (1637).
Foto: Johan van der Veer, Wikimedia Commons. Kolleksje Fries Museum.

140503_Wipstraat_6_(Gysbert_Japicxhûs)_Bolsward_Fr_NL.jpg
Bertehûs fan Gysbert Japix yn Boalsert.
Foto: Wutsje / Wikimedia Commons / CC-BY-SA 3.0.

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Betink in ynterview mei Gysbert Japix

  • 2

    OPDRACHTEN:

    A. Skriuw in In Memoariam foar Gysbert Japix
    B. Meitsje rou-advertinsjes foar Gysbert Japix

  • 3

    OPDRACHT:

    Untwerp in reklamekampanje foar Gysbert Japix


  • 4

    OPDRACHT:

    Wat is der hjoed-de-dei noch werom te finen oer Gysbert Japix?

Oare finsters

  • Finster 4

    ‘Waatze Gribberts’ brulloft’ nêst ‘De Fryske boerinne’

    ‘Waatze Gribberts’ brulloft’ nêst ‘De Fryske boerinne’ Perioade: 1550-1800

    De bizarre sênes fan it toanielstik Waatze Gribberts bruyloft (1701) litte jin tinke oan filmkes op YouTube, bygelyks wannear’t Waatze fertelt dat er syn eigen koarre opslikke hat doe’t er sa dronken wie as in kanon. Wie dit (anonime) toanielstik yn de achttjinde iuw noch oeribele populêr, yn de njoggentjinde iuw waard der skande fan sprutsen. Lokkich die bliken dat it de bewurking fan in Dútsk toanielstik wie.