Zolang de boom bloeit

1900-1945
1900-1945

Mei-inoar ien of ferdield oer pylders?

Simmerkamp fan de Jongfryske Mienskip op It Amelân yn 1925. Tredde fan links is Douwe Kalma.




Fan literêre fernijing is yn it foaroarlochske proaza noch net folle te fernimmen, dêrfoar moatte wy nei de poëzy en de literêre krityk sjen.

It tiidrek fan de iuwwiksel oant de ein fan de Twadde Wrâldoarloch is in rûzige tiid foar de Fryske literatuer. Tusken 1900 en 1940 ferskine mear as tritich nije Frysktalige tydskriften op it toaniel. Foar in grut part kinne wy dy keppelje oan nije organisaasjes dy’t nêst it liberale Selskip fan 1844 warber wurde op taalpolityk mêd. Der komme aparte Frysktalige ferieningen en dus ek nije tydskriften foar studinten en oare Friezen om utens, protestanten, jongerein, roomsk-katoliken, sosjalisten en grifformearden. De jongerein en de  protestanten litte har no it meast jilde yn de Fryske literatuer, wylst de ynfloed fan it âlde Selskip nei 1915 minder wurdt.

Trije wichtige literêre mylpeallen tusken 1900 en 1945 binne it earste eksklusyf literêre tydskrift Frisia, de earste moderne Fryske roman De Hoara’s fan Hastings fan de skriuwster Simke Kloosterman en de oprjochting fan twa boekeklups om lêzers fan Fryske romans te foarsjen: De Fryske Bibleteek (1923-1979) en de Kristlik Fryske Folksbibleteek (1934, finster 19). Fan literêre fernijing is yn it foaroarlochske proaza noch net folle te fernimmen, dêrfoar moatte wy nei de poëzy en de literêre krityk sjen.

IN NIJE KOERS

Waling Dykstra wie yn 1914 noch mar amper begroeven, doe’t syn wurk al ôfkreake waard. Allinne it wurk fan Gysbert Japix, Harmen Sytstra en hjir en dêr in letter fers fan oaren wie de muoite fan it bewarjen wurdich, de rest koe as folksskriuwerij sa by it âld papier. De Hollânske Tachtigers, sokken hiene der yn Fryslân net west – it wie no oan de jongerein om der wat fan te meitsjen. Dat skreau ien dy’t yn 1914 krekt fan de middelbere skoalle ôf kaam en noch net folle publisearre hie dat makke. Dat soarte literêre krityk koene se yn Fryslân net, noch wat de ynhâld noch wat de toan oangie. Douwe Kalma (1896-1953), want dat wie de jonge skriuwer, fêstige syn namme as dichter, literêr kritikus en as skriuwer fan it pamflet Fryslân en de wrâld (1916). Yn de geast fan de iere midsiuwen dreamde er dêryn fan Fryslân as de ferbinende skeakel tusken Ingelân en Skandinavië. Om de Fryske literatuer op in heger plan te tillen wie it nedich om de wrâld nei Fryslân ta te heljen en Fryslân nei de wrâld.

Yn ’e mande mei in oantal lykstimden wie Kalma yn 1915 úteinset mei de Jongfryske Mienskip. Hy woe ek fuort de lieding ha yn Frysksinnige rûnten, bygelyks troch ein 1918 in telegram te stjoeren nei de Amerikaanske presidint Wilson, dêr’t er it plan foar in Folkebûn (de foarrinner fan de Feriene Naasjes) yn priizge, mar dan moast Fryslân dêryn binnen Nederlân wol mear frijheid krije. Sa’n aksje hie yn it Selskip ûntinkber west. Kalma wie net de iennichste dy’t in folle radikaler koers folgje woe as it liberale Selskip. Dat gou ek foar de otterdoksen feriene yn it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012). Allebeide hiene se in Frysktaliger Fryslân op ’e aginda. Dat moast behalve troch literêre fernijing berikt wurde troch Frysk yn it ûnderwiis (ek op universitêr nivo), yn tsjerke (der moast in Fryske Bibeloersetting komme) en yn it iepenbier bestjoer. Op hast al dy terreinen  boekten se winst – sûnder har ynspanningen hie Fryslân no minder Frysktalich west. Maklik gie de striid lykwols net. Der moast hieltyd skippere wurde tusken de ôfsûnderlike en de mienskiplike belangen fan de ferskate groepen en har fertsjintwurdigers.

0506 omslag frisia.jpg

Omslach fan Frisia, jiergong 1922, ûntwurpen troch Johan Dijkstra. Foto: Jan Kalma. 




De Fryske literatuer moast neffens Douwe Kalma stribje nei persoanlike keunst en in ûnbeheinde ûntjouwing fan de Fryske geast. Wat dat lêste krekt ynhâlde, bleau nammers ûndúdlik.

JONGFRYSKE MIENSKIP

Foar Fedde Schurer (1898-1968), al gau ien fan Fryslâns bekendste dichters, wie Kalma syn poëzy eat om ‘dagen en dagen bliid mei  te wêzen’. Koart nei syn eigen debút (Fersen, 1925, werprinte yn 1934) skreau er oer de earste kear dat er Kalma syn poëzy lies: ‘Sa’t ynienen in fleach sinneljocht greiden en buorkerijen in oar útsjuch jout, sa seach ik Fryslân yn in nij ljocht.’ De gedichten fan Douwe Kalma binne troch syn abstrakt brûken fan taal en bylden útmakke foar dizenich en ûntagonklik, mar yn syn eigen tiid wie de ynfloed fan syn wurk grut. Om 1915 hinne like it derop dat der yn Fryslân in kulturele revolúsje geande wie. Sels de rûnom priizge bruorren Halbertsma wiene by Kalma net feilich. De Fryske literatuer moast neffens him stribje nei persoanlike keunst en in ûnbeheinde ûntjouwing fan de Fryske geast. Wat dat lêste krekt ynhâlde, bleau nammers ûndúdlik.

Minsken dy’t al langer yn literêre rûnten meidraaiden, moasten oer it generaal net folle ha fan de grutte wurden fan de nijkommer. Oarsom hie Kalma net folle op mei wa’t him tsjinsprutsen. Mar ûnder de jongerein wie de selsfersekere jongfeint dy’t har op simmerkampen yn kontakt brocht mei klassike literatuer, sang en toaniel tige populêr. Dat falt te sjen oan de ledetallen fan de Jongfryske Mienskip. Lyts begûn, telde dy op syn hichtepunt yn 1919 goed sânhûndert jongeren – jonges en foar it earst ek famkes. Dy rêde  groei wie net allinne oan Douwe Kalma te tankjen. Yn de rest fan Europa kamen ek jeugdbewegingen op. Troch de Earste Wrâldoarloch hie de jongerein goed foar it ferstân dat der yn polityk opsicht wat feroarje moast. De Jongfryske Mienskip seach dêr ek kânsen yn foar in bettere posysje fan it Frysk binnen Nederlân. Douwe Kalma slagge deryn om in nije ploech jongerein entûsjast te krijen en hy soarge derfoar dat har lûd heard waard. Hy die dat ûnder oare troch blomlêzingen mei har wurk út te jaan en troch in nij poadium op te rjochtsjen mei it moanneblêd Frisia (1917-1936). Dat eksklusyf literêr tydskrift, mei in namme dy’t ferwiisde nei it ferhearlike, midsiuwske Fryslân, hie twaentritich siden en  ferskynde alle moannen. It wie net allinne in platfoarm foar Kalma syn eigen wurk, mar ek foar dat fan generaasjegenoaten. Dêrby kin tocht wurde oan de dichters Fedde Schurer, Jelle Brouwer (yn 1941 de earste heechlearaar Frysk) en Jan Piebenga (yn 1938 auteur fan de earste folsleine, Fryske literatuerskiednis en nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante); de essayist Eeltsje Boates Folkertsma en proazaskriuwers lykas Reinder Brolsma (dy syn grutte roman Grûn en minsken ferskynde earst yn ôfleveringen yn Frisia) en Simke Kloosterman. Foar de jongerein wie fansels net Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel, mar Kloosterman har roman De Hoara’s fan Hastings (1921) de earste moderne Fryske roman en in nij hichtepunt yn de Fryske literatuer (finster 11). Dizze roman ferskynde allyksa foar in part yn Frisia.

Dat it Kalma by einsluten net slagge om de literêre fernijing te ferwêzentlikjen kaam mei troch syn persoanlikheid. Hy fûn fan himsels dat er yn de widze lein wie as lieder en koe dêrom slim oaren nêst him ferneare. Teloarsteld yn de Fryske beweging keas er yn de Twadde Wrâldoarloch úteinlik foar in pro-Dútske koers. De Jongfryske beweging stelde doe net folle mear foar. Al yn 1925 wiene der nei ferskate ynterne konflikten noch mar hûndert leden oer en it Kristlik Frysk Selskip (mei promininte leden as Schurer en Folkertsma) naam binnen de Fryske beweging it foartou oer.

402 De holder jg 4 Omslag.jpg

Omslach De Holder, jiergong 1929, ûntwerp fan Evert Caspers. Foto: Jan Kalma




Fan de stoarm dy’t him op it politike wrâldtoaniel ôfspile, sjogge wy yn de foaroarlochske Fryske literatuer net folle werom.

YNSTITÚSJONALISEARRING FAN IT FRYSK

Fan de stoarm dy’t him op it politike wrâldtoaniel ôfspile, sjogge wy yn de foaroarlochske Fryske literatuer net folle werom. Frysktalige romans spilen har yn earsten noch ôf op it Fryske plattelân (finster 13). Neffens de oplaachsifers liezen nije Fryske  lêzers fierder noch hieltyd leaver algemien kulturele blêden as literêre tydskriften. Dat wie net allinne sa foar Frisia, mar ek foar syn konkurrint De Holder (1926-1929).

Der binne spitigernôch mar in bytsje oplaach- of ferkeapsifers bekend, mar it stiet wol fêst dat Sljucht en Rjucht fan it Ald Selskip yn 1910 in oplaach hie fan trijetûzen eksimplaren en Yn ús eigen tael (1909-1943, fan it Kristlik Frysk Selskip) fan sa’n 800-900 eksimplaren. It Heitelân (1919-1962), in magazine-eftich moanneblêd, wie tige suksesfol troch de kollektive abonneminten fan de Jongfryske Mienskip, it Selskip en de Fryske Bibleteek, de earste Fryske boekeklup. Skriuwers dy’t in protte lêzers berikke woene, koene it bêst publisearje yn ien fan de algemien-kulturele blêden en fierwei de measte diene dat dan ek. Fan de measte romans en dichtbondels waarden lykwols op syn heechst fiifhûndert ferkocht.

Ien fan Kalma syn winsken wie in Frysktalich wykblêd. Dat kaam der earst nei de Twadde Wrâldoarloch. Oare punten fan syn ferlanglistje kamen der wol, troch syn eigen ynspanningen of bûten him om, lykas de kommisje foar Frysk ûnderwiis de Afûk (1928) en de Fryske Akademy (1938), in wittenskiplik ûndersyksynstitút. Mei dy inisjativen waard in hoeden begjin makke mei de ynstitúsjonalisearring fan it Frysk – it proses wêryn’t de noed foar de Fryske taal en literatuer oerdroegen waard oan ynstânsjes dy’t dêr spesjaal foar oprjochte wiene. Allinne op polityk-bestjoerlik nivo woe it mar net opsjitte. Dat moast ek wachtsje oant nei de oarloch. 

403 Sljucht en rjucht july 1940.jpg

Sljucht en Rjucht fan 20 july 1940, ûntwerp Hil Bottema.




Fan de stoarm dy’t him op it politike wrâldtoaniel ôfspile, sjogge wy yn de foaroarlochske Fryske literatuer net folle werom.

IENHEID OP DE PROEF STELD

Hoe moasten de Fryske skriuwers reagearje op de Dútske ynfal yn 1940? Oant jannewaris 1942 feroare der ynearsten noch net safolle. Dêrnei wie it kieze tusken wachtsje op de ein fan de oarloch, yllegaal útjaan of útjaan mei tastimming fan de ‘Nederlandsche Kultuurkamer’, in troch de Dútske besetter ynsteld ynstitút. Dy lêste twa opsjes keas in lyts oantal. Wol hie yn july 1940 in bysûndere oprop oan it Frysk folk stien yn alle Frysktalige tydskriften. Fiifenfjirtich foaroanmannen út de Fryske beweging rôpen it Fryske folk dêryn op om kalm te bliuwen, al moast de striid foar in Frysktalich Fryslân gewoan trochgean. It hie dreech west dat ‘Wird oan it Fryske folk’, dat sawol pro- as anty-Dútsk útlein wurde kin, ta stân te bringen (alve minsken dy’t oanskreaun wiene wegeren har hân te setten) en it wie ûndertekene troch minsken fan links oant uterst rjochts. Folkertsma, Piebenga en Schurer hearden der ek by. Sy soene nei de oarloch de redaksje foarmje fan it ynfloedrike en suksesfolle literêre tydskrift De Tsjerne.

Yn de rin fan de jierren tritich hie in lytse minderheid yn de Fryske beweging in hieltyd dúdliker pro-Dútske koers oanhâlden. Sy droegen yn de oarloch by oan lanlike nasjonaalsosjalistyske blêden as Noorderland, Schouw en sels oan it SS-blêd Hamer. De Fryske beweging, dy’t deroan wend rekke wie om by alle ferskillen te besykjen de ienheid te bewarjen, waard twongen om kritysk te sjen nei syn eigen posysje. It die bliken dat dat net maklik wie. Krekt sa’t it foar lettere lêzers lestich wêze kin om literatuer dêr’t it Fryske folk of it Fryske boerelibben yn idealisearre wurdt nét mei erchtinken te besjen, bliek de literatuer fan de nasjonaalsosjalisten net folle te ferskillen fan oar, foaroarlochsk wurk. Mar de oarloch hâlde de Fryske beweging in spegel foar: de Joadeferfolging koe plak fine omdat de nasjonaalsosjalisten harsels as ‘Arysk oerras’ superieur ferklearre hiene. Oan myldere foarmen fan nasjonalisme sieten ek gefaarlike kanten.

De jongere generaasje koe syn posysje makliker bepale. Ien fan har, Fokke Sierksma, sei it oan de ein fan de oarloch sa: ‘Wij steken geen trompetten. Vlak achter ons liggen de doden – met hun opdracht voor ons. Eén ding is zeker: de dichters onder hen, die hun verzen schreven tot in de cel, zouden ook nu zijn doorgegaan met het vreemde ambacht van den dichter. Ook wij zullen weer verzen schrijven. Waarom? Omdat wij niet anders  zijn geboren.’

404a Wird oan it Fryske folk.jpg

Op 20 july 1940 waard yn Sljucht en Rjucht it ‘Wird oan it Fryske folk’ opnommen, dat troch in grut tal Friezen dy’t in rol spilen yn de Fryske beweging ûndertekene wie.

Finsters foar dizze perioade

  • Finster 11

    Simke Kloosterman

    Simke Kloosterman Perioade: 1900-1945

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman.

  • Finster 12

    Douwe Kalma

    Douwe Kalma Perioade: 1900-1945

    Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’

  • Finster 13

    De boereroman

    De boereroman Perioade: 1900-1945

    De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

  • Finster 14

    Koloniale literatuer

    Koloniale literatuer Perioade: 1900-1945

    Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

  • Finster 15

    Opkomst fan de jeugdliteratuer

    Opkomst fan de jeugdliteratuer Perioade: 1900-1945

    It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel.

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.

Folgjende perioade

1945-1975

Blik op Europa

Blik op Europa