Zolang de boom bloeit

1900-1945

Finster 14 - Koloniale literatuer

Fan perioade 1900-1945 Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma. Untwerp: Meinte Walta.


Speerstra lit ús sjen hoe’t ús tinken oer Nederlânsk-Ynje yn hûndert jier tiid hûnderttachtich graden draaid is. 

Yn it âlde Burgumer postkantoar wie fan 1906 oant 1917 in Yndysk museum ûnderbrocht. Foar trije sinten koene besikers dêr eksoatyske Yndyske en Sineeske keunstfoarwerpen besjen, sammele troch de yn Nederlânsk-Ynje stasjonearre ûnderwizer Anne van der Meulen (jawis, de soan fan Tsjibbe Gearts út haadstik 3). De kolleksje paste yn twa tramwagons en lûkte by einsluiten sa’n 30.000 besikers. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

Ein febrewaris 1943 ferstoar Klaes (Nicolaas) Haisma, soan fan in bouboer op de Fryske klaai, yn in Japansk konsintraasjekamp yn Nederlânsk-Ynje. Fryslân koe him better as Nyckle J. Haisma, de skriuwer fan Peke Donia, de koloniaal (1943, dêrfoar útjûn yn twa losse dielen yn 1937 en 1940). Nei syn ûnderwizersoplieding moast er earst seis jier lang Nederlânske les jaan yn Ynje. Ta syn frustraasje fûn Haisma yn 1935, midden yn de krisis, gjin wurk yn Fryslân sadat er foar nochris seis jier fuort moast. Ut Medan wei skreau er reisferslaggen foar it Leeuwarder Nieuwsblad en De Stim fan Fryslân. Foar de novelle Simmer dy’t er op syn stjerbêd skreau krige er yn 1948 postúm de Gysbert Japicxpriis. 

Haadpersoan Peke Donia is nei seis jier yn Ynje werom yn Fryslân, dat yn syn dreamen hieltyd moaier wurden is. Hy wol boer wurde, mar is bûn oan Ynje troch syn soan by in ynlânske frou. Mei syn swart hier is it jonkje in ‘net te fiemjen Easterling’. Yn it twadde part fan de dûbelroman hat Peke it bern nei Fryslân ta helle, mar de jonge kin dêr net aardzje en Peke set him oan de ein fan it boek op de boat werom. De jonge kriget in bibel mei. De tematyk fan Peke Donia wykt net ôf fan dy fan oare koloniale romans út Nederlân: East en West binne dêryn by einsluten ûnferienichber. De roman wjerspegelet sa de koloniale apartheid dy’t oan it begjin fan de tweintichste iuw opkaam, mei gongbere, stereotipe beskriuwingen fan Yndiërs (traach en dreamerich) en Yndyske froulju (sensueel en leidich). 

Yn Hwat west hat (1965) sjocht Riemer Riemersma yn romanfoarm werom op syn tiid as Nederlânsk tsjinstplichtich soldaat yn de Yndonesyske ûnôfhinklikheidsoarloch (1945-1949). Hy reizge ôf nei de Nederlânske koloanje om ‘syn plicht’ te dwaan, mar kaam desyllúzjonearre werom. Mei syn roman woe Riemersma de minsken wekker skodzje: it Nederlânske militêre optreden yn Yndonesië hie ferkeard west. Dat betearde mis, it boek waard troch resinsinten ôfkreake en joech gjin opskuor. Behalve troch de net alhiel slagge romanfoarm en it stuit fan ferskinen (koart nei Trinus Riemersma syn Fabryk dat wol in protte diskusje losmakke) wie dat nei alle gedachten ek omdat de tiid noch net ryp wie foar ferwurking fan it koloniale ferline.

Yn Op klompen troch de dessa (2014, oersetting yn it Nederlânsk 2015) tekene Hylke Speerstra de ferhalen op fan sa’n tweintich Ynjegongers, yntusken heech op jierren. Krekt as Riemersma giene se allegear fuort omdat se dat, yn in protte gefallen oanmoedige troch de tsjerke, as har hillige plicht seagen. Wa’t tsjinst wegere, waard oars mei strafkamp en finzenis minstens sa swier straft as NSB’ers en SS’ers. Hast allegearre kamen se ûntnochtere wer thús. Mar oars as Riemer Riemersma swijden de measten oer wat se dien hiene en meimakke. Oant Speerstra har ferhalen yn 2014 wrâldkundich makke. Hy lit ús sjen hoe’t ús tinken oer Nederlânsk-Ynje yn hûndert jier tiid hûnderttachtich graden draaid is. 

441a Op klompen troch de dessa FRYSK.jpg

Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra. Untwerp: Barbara Jonkers.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 11

    Simke Kloosterman

    Simke Kloosterman Perioade: 1900-1945

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman.

  • Finster 12

    Douwe Kalma

    Douwe Kalma Perioade: 1900-1945

    Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’

  • Finster 13

    De boereroman

    De boereroman Perioade: 1900-1945

    De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

  • Finster 15

    Opkomst fan de jeugdliteratuer

    Opkomst fan de jeugdliteratuer Perioade: 1900-1945

    It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel.

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.