Zolang de boom bloeit

1900-1945

Finster 13 - De boereroman

Fan perioade 1900-1945 Grûn en minsken, útjefte yn de rige Fryske Klassiken, sechste printinge 1995. Untwerp: Chaim Mesika bNO.


Wie de boereroman earst noch it pronkstik fan de Fryske literatuer, nei de oarloch waard it sjenre krekt eksimplarysk foar hoe’t it net moast.

Twa jier nei har dea ferskynde yn 1940 de twadde printinge fan Simke Kloosterman har roman De Hoara’s fan Hastings. It oardiel wie doe, sa’n tweintich jier nei de earste útjefte, al minder posityf. ‘Sûnt binne der oaren folge, de boeken fen Brolsma, fen v. Houten, fen Haisma, en nou’t wy de Hoara’s wer lêzen hawwe, kinne wy net oars sizze, as det it dêrby yn ’t skaed falt.’ Nochris tweintich jier letter, fan 1962 ôf, hiene resinsinten argewaasje fan ‘de Hoara’s’. Hoe koe it dat dêr neat yn te fernimmen wie fan de ellinde dy’t doe yn de Fryske Wâlden spile: earmoede, sosjale revolúsje? Hie it ûntkennen fan dy maatskiplike ferhâldingen net it fassisme de oerhân jûn? It oardiel oer de boereroman feroare nei de Twadde Wrâldoarloch. Wie de boereroman earst noch it pronkstik fan de Fryske literatuer, nei de oarloch waard it sjenre krekt eksimplarysk foar hoe’t it net moast.

Reinder Brolsma en Ulbe van Houten, dat binne de skriuwers fan Fryske romans dy’t no jilde as klassikers: It Heechhôf (1926), De sûnde fan Haitze Holwerda (1938; oerset yn it Nederlânsk as De zonde van Haitze Holwerda, 1950) en Grûn en minsken (1940; oerset as De stroojonker, 1943). Oan dat listje koe yn 1941 Abe Brouwer syn De gouden swipe (Nederlânske oersetting De gouden zweep, 1944) noch taheakke wurde. De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

Yn syn dissertaasje Proza van het platteland (1984) konkludearret Trinus Riemersma dat alle Fryske romans yn de earste helte fan de tweintichste iuw boereromans binne: se spylje op it plattelân en in boer is meastal de sintrale figuer yn it ferhaal. Botte realistysk binne de romans neffens Riemersma net, it giet altyd om de boer dy’t wrakselet mei de grûn en mei God en syn lot, en selden om problemen dêr’t boeren wier mei tangele sieten. Foar de generaasje dêr’t Riemersma sels as skriuwer by hearde hie de boereroman nei 1945 ôfdien. Mar as ûndersiker bleau er boeid troch it iere Fryske proaza. D.H. Kiestra syn De froulju fan de fetweider út 1939 fûn er de bêste roman. It boek ferskynde mei sân oare boereromans mei rykssubsydzje op 'e nij yn de earste rige Fryske Klassiken (1992-1995, fjirtjin proazatitels yn totaal). De kar foar de rige waard ûnder oare basearre op de fraach nei de boeken yn de biblioteek, en de rige waard knap ferkocht. 

Yn 2013 stiene Grûn en minsken en De sûnde fan Haitze Holwerda yn de brosjuere 10 books from Friesland, in seleksje Frysk proaza dy’t yn opdracht fan it Nederlands Letterenfonds makke wie foar de Frankfurter Buchmesse. Op dy kar foar twa boereromans kaam in protte krityk: Fryslân hie dochs folle mear te bieden as foaroarlochske plattelânsliteratuer? De swierrichheid dêr’t it sjenre lêzers neffens Riemersma foar stelde, wie op 'e nij aktueel: ‘Men moat óf foar dizze literatuer wêze óf der tsjin, men moat dizze literatuer oannimme of ôfwize. Dizze literatuer beskriuwe en hifkje as in gewoan part fan ’e folsleine literatuer liket yn it foar net goed mooglik.’ Foar in objektyf oardiel wie dat neffens Riemersma wol nedich, al wie it allinne mar omdat der alderhande ferbiningstriedden rinne tusken saneamde hege en saneamde lege literatuer, ferline en hjoed.

431 0515 Reinder Brolsma tekening Joh. Elsinga uit Sljucht en Rjucht 1926.jpg

Reinder Brolsma om 1926 hinne, tekening troch Johannes Elsinga, Sljucht en Rjucht (1926) s. 702.

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:


    Oer de boereroman

  • 2

    OPDRACHT:

    Maatskiplike en politike faktoaren yn literatuer

  • 3

    OPDRACHT:

    Feroarjende wurdearring foar boereromans

Oare finsters

  • Finster 11

    Simke Kloosterman

    Simke Kloosterman Perioade: 1900-1945

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman.

  • Finster 12

    Douwe Kalma

    Douwe Kalma Perioade: 1900-1945

    Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’

  • Finster 14

    Koloniale literatuer

    Koloniale literatuer Perioade: 1900-1945

    Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

  • Finster 15

    Opkomst fan de jeugdliteratuer

    Opkomst fan de jeugdliteratuer Perioade: 1900-1945

    It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel.

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.