Zolang de boom bloeit

1900-1945

Finster 12 - Douwe Kalma

Fan perioade 1900-1945 Douwe Kalma yn 1917. Foto: André Morié.


Dreamen hie Kalma gjin gebrek oan, mar de praktyske útfiering woe him minder goed slagje.

Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’ Neffens âlde wizânsje waard de kiste trijeris om de tsjerke droegen. Kalma waard lykwols net begroeven, mar kremearre. Net hy, mar it begraffenisfolk bleau efter. Sels op syn útfearttsjinst hie Kalma de regy.

Douwe Kalma waard berne yn 1896 yn Boksum, fuort by Ljouwert. Hy wie iennichst bern yn in boerehúshâlding. Hy gie op it gymnasium yn Snits, studearre dêrnei in hoart teology, wijde him in oantal jierren alhiel oan syn Jongfryske Mienskip, om by einsluten dochs noch Ingelsk te studearjen. Hy slute syn akademyske oplieding ôf yn 1938 mei in dissertaasje oer Gysbert Japix. In wichtich betingst foar dit earste Frysktalige proefskrift wie dat der ek in wiidweidige Nederlânske gearfetting by moast. In betrekking as universitêr dosint krige Kalma net. Yn de oarloch naam er twa skriuwersbeurzen en in literêre priis oan fan de Dútske besetter. Nei de oarloch waard er dêrom in pear moanne ynternearre en krige er in publikaasjeferbod (dêr’t er him oars net oan hâlde). Yn isolemint wurke er oan syn sels opleine libbenstaak, de oersetting fan it folsleine wurk fan Shakespeare yn it Frysk. Dy oersetting wie sa goed as klear doe’t Kalma yn oktober 1953 fan syn fyts riden waard en oan syn ferwûningen kaam te ferstjerren: hy moast allinne noch oardel bedriuw fan Hamlet dwaan.
 
Sels wannear’t wy betinke dat Kalma troch syn stúdzje, syn parttimebaan en sûnder gesin (hy wie homoseksueel) mear tiid ta syn foldwaan hie as Fryske skriuwers ornaris, is syn produktiviteit yndrukwekkend. Op syn achttjinde fêstige er syn namme as kritikus yn de rige artikels ‘Fen Fryslâns Fjilden’ yn de Leeuwarder Courant. Kalma wie in fûle bestrider fan Jan Jelles Hof, dy’t úthâlde dat de Fryske literatuer as folksliteratuer de Nederlânske literatuer allinne mar oanfolje koe. It konflikt Kalma-Hof is in weromkommend motyf: kinne je yn it Frysk wiere literatuer skriuwe, of lient it him allinne foar folksliteratuer? 

Omdat er it nivo fan it Fryske toaniel om te skriemen fûn, skreau Kalma sawat alle jierren in nij histoarysk toanielstik. Fierder helle er de wrâldliteratuer yn oersetting nei Fryslân, publisearre er staveringsboekjes, dicht- en sjongbondels, redigearre er ferskate blêden en skreau er politike essays, literatuerskiednissen en skôgingen. Allinne in roman weage Kalma him noait oan.
 
‘Kening Kalma’, sa waard er neamd en sa seach er himsels ek. Mei syn eptich Frysk naam er de lju foar him yn of stjitte er har ôf. Dreamen hie Kalma gjin gebrek oan, mar de praktyske útfiering woe him minder goed slagje. Sa joech er de oantrún ta in bettere ynfrastruktuer foar it Frysk, mar profitearre er dêr sels net fan. Kalma stelde syn libben yn tsjinst fan de Friezen, mar jage har tsjin him yn it harnas troch him út de hichte, dominant en (polityk sjoen) ʻhinne-en-werderich’ op te stellen. Sa krige Kalma noch wol de romte om in pear fan syn Shakespeare-oersettingen te publisearjen yn it nei-oarlochske literêre tydskrift De Tsjerne, mar wegere de redaksje fan it blêd syn politike bydragen. De lieder dy’t de Fryske beweging nij libben ynblaasd hie, ferdwûn stilwei fan it toaniel.

 

0506 omslag frisia.jpg

Simmerkamp fan de Jongfryske Mienskip op It Amelân yn 1925. Tredde fan links is Douwe Kalma.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 11

    Simke Kloosterman

    Simke Kloosterman Perioade: 1900-1945

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman.

  • Finster 13

    De boereroman

    De boereroman Perioade: 1900-1945

    De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

  • Finster 14

    Koloniale literatuer

    Koloniale literatuer Perioade: 1900-1945

    Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

  • Finster 15

    Opkomst fan de jeugdliteratuer

    Opkomst fan de jeugdliteratuer Perioade: 1900-1945

    It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel.

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.