Zolang de boom bloeit

1900-1945

Finster 11 - Simke Kloosterman

Fan perioade 1900-1945 Simke Kloosterman by har hynder-en-koets.


Kloosterman hie de namme dat se sinnich wie as it op it útjaan fan har wurk oankaam.

Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman. Wie se no al of net in bern fan har heit (har mem wie doe’t dy troude fjouwer moanne yn ferwachting), en wêrom joegen har âlden har sa’n djoere, partikuliere oplieding? Komt it út dat se har dochter, stutsen yn de lêste moade út Parys, yn in koetske troch Twizel ride lieten, en wat die dy útsûnderingsposysje mei it iennichste bern fan rúzjemeitsjende âlden? Bleau Kloosterman dêrom sels nettroud, of stike der wat oars achter de twa ferlovingen dy’t se sels ferbruts, de lêste mei de tweintich jier jongere Douwe Kalma? 

Noch foar de iuwwiksel, yn 1898, debutearre Kloosterman as ‘in Frysk fanke’ yn Waling Dykstra syn Sljucht en Rjucht. Dêrnei lei se har troch selsstúdzje hielendal út op de Fryske literatuer. Erkenning folge nei publikaasje fan har proaza en poëzy yn Ruth (1910) en fan har gedichten yn Douwe Kalma syn blomlêzing It sjongende Fryslân (1917), dêr’t ek wurk yn opnommen wie fan de dichteres Rixt (pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen, 1887-1979). Sa waaard foar it earst it froulik lûd yn de Fryske literatuer serieus nommen. Kalma sette it persoanlike en lyryske wurk fan Rixt en Kloosterman op in fuotstik. Beiden krigen al gau it etiket ‘grandes dames fan de Fryske literatuer’ opplakt. Rixt waard bekend as dichteres fan in lyts, heechwurdearre oeuvre, sammele yn De gouden rider (1952, de titel ferwiist nei in gouden munt mei in ruter derop), Kloosterman as skriuwster fan de twa boppeneamde romans.
 
Kloosterman hie de namme dat se sinnich wie as it op it útjaan fan har wurk oankaam. Sa wie De Hoara’s fan Hastings nei alle gedachten al yn 1909 klear, mar fûn de skriuwster it Selskipshonorarium (50 sinten de side) foar har proaza te min. It wie neffens har mear wurdich as oare artikels, lykas ferslaggen fan reiskes of gearkomsten. Doe’t se de roman einlik yn eigen behear útjoech, koste de lúkse edysje fan it boek fiif gûne. Dat wie djoerder as de Fryske Bibel dy’t by syn ferskinen yn 1943 ûngefear in deilean koste. Dochs rekke de earste oplaach fan achthûndert eksimplaren hielendal útferkocht – en dat lit it sukses sjen fan De Hoara’s fan Hastings. Nettsjinsteande krityk op it fertelramt wiene resinsinten allegear loovjend oer de eigen taal (it regiolekt fan Twizel, oanfolle mei selsbetochte wurden as ‘izejanebeam’ foar kersebeam), de dialogen en de hertstocht fan it boek. Benammen de twa siden lange, lyryske prolooch (mei as ynset ‘O brune heide! wiidte, iensumheid yn gouden, gouden sinneskyn!’) makke yndruk. De skriuwster skildere de natoer as in mytyske krêft dy’t it libben fan generaasjes beynfloedet.

Kloosterman regissearre sekuer wat de bûtenwrâld al en net fan har witte mocht. Sa ferge se har leafdesbrieven werom, ferbrânde se al te persoanlik wurk en lei se presys fêst ûnder hokker kondysjes har wurk nei har dea útjûn wurde mocht, de stavering ynbegrepen. Doe’t se yn 1938 ferstoar, liet de skriuwster by testamint al har goed nei oan ‘It Lien’, in stichting dy’t sûnt dy tiid it monumintale hûs beheart dêr’t Kloosterman de simmers skriuwend trochbrocht – de rest fan it jier wenne se yn in ienfâldich rychjeshûs yn Ljouwert. Besikers sjogge yn Twizel tusken de rizige reade bûken út oer de pachtlannen fan de famylje Kloosterman.

411 Simke Kloosterman ca 1900 foto J.F. Blöte kolleksje Tresoar nr 204341 Foto Bijwerken.jpg

Simke Kloosterman sirka 1900. Foto: J.F. Blöte.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 12

    Douwe Kalma

    Douwe Kalma Perioade: 1900-1945

    Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’

  • Finster 13

    De boereroman

    De boereroman Perioade: 1900-1945

    De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

  • Finster 14

    Koloniale literatuer

    Koloniale literatuer Perioade: 1900-1945

    Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

  • Finster 15

    Opkomst fan de jeugdliteratuer

    Opkomst fan de jeugdliteratuer Perioade: 1900-1945

    It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel.

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.