Zolang de boom bloeit

1900-1945

Finster 15 - Opkomst fan de jeugdliteratuer

Fan perioade 1900-1945 It Frysk Mearkesboek (1924) fan Janneke Ratsma mei yllustraasjes fan Johan Dijkstra.


De ûntjouwingen yn de Fryske jeugdliteratuer folgje dy yn de ûnderwiiswetjouwing op de foet. 

It earste Fryske berneboek hat in Nederlânske titel. Gelukkig Hansje is in lyts boekje fan trijentritich siden. Om âlden en bern net ôf te skrikken joech Harmen Sytstra yn 1846 syn oersetting fan in mearke fan Grimm in Nederlânske titel. Fierder besocht er syn lêzers oer de streek te lûken troch op de iene side syn ‘Iduna-stavering’ te brûken en op de oare in makliker stavering, en troch oan syn boekje in ferklearjend wurdlistje ta te heakjen. Berneboekeskriuwers yn de hûndert jier dy’t folgen – hast allegearre ûnderwizers – krigen it hieltyd in bytsje makliker, al bleau it lestich dat it Frysk gjin fêst plak hie yn it ûnderwiis, wat makke dat bern net learden om Frysk te lêzen. De ûntjouwingen yn de Fryske jeugdliteratuer folgje dy yn de ûnderwiiswetjouwing op de foet. 

In pjisk waard in apel en in geal in moskje. Sokke oanpassingen fûn Hjerre Gjerrits van der Veen (sjoch perioade trije) nedich om syn oersetting Lîtse rîmkes foar bern (Kleine Gedigten voor Kinderen, Hieronijmus van Alphen) yn 1852 gaadlik te meitsjen foar Fryske bern. Van der Veen koe as skoalmaster yn Driezum de earmoede dêr’t de bern út de Fryske Wâlden yn grut waarden. Hy wegere bygelyks skoaljild yn te barren fan âlden dy’t dat net betelje koene. Pjisken waarden yn dy húshâldingen net iten. Troch de Underwiiswet fan 1857 giene mear bern nei skoalle ta, mar it duorre noch oant 1907 foardat (nei skoaltiid) yn de hegere klassen Fryske les jûn wurde mocht. Underwiiskundigen wiene bang dat Fryske les ta skea wêze soe fan de Nederlânske taalfeardigens.   

Op oanstean fan it Selskip stelde it provinsjaal bestjoer fan 1907 ôf alle jierren fiifhûndert gûne beskikber foar Fryske les op skoalle. Yn 1928 kaam dêr de Afûk (Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje) by, in Frysk kursusynstitút foar folwoeksenen, en yn 1937 mocht der troch in wetswiziging fan it Nederlânske regear ûnder skoaltiid ek les jûn wurde yn ‘een streektaal in levend gebruik’ lykas it Frysk. Earst yn 1980 soe it Frysk yn Fryslân in ferplichte skoalfak wurde. Dy ûntjouwingen hiene har wjerslach op de Fryske berneliteratuer. Behalve lesmateriaal wiene der fansels ek berneboeken nedich.  

Douwe Kalma heugde him hoe’t er Frysk skriuwen leard hie troch de bernerubryk fan Madzy (de ûnderwizeres Jantsje Aberg-Terpstra, 1876-1941) yn Sljucht en Rjucht. Omdat der amper Fryske berneboeken útjûn waarden, wiene bernerubriken lange tiid it plak dêr’t jeugdliteratuer it bêste lêzen waard. De earste fêste bernerubryk ferskynde yn Piter Jelles Troelstra syn gesinstydskrift For hûs en hiem (1888-1895). Achter dat pionierswurk stiek Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Troelstra syn frou Sjoukje Bokma de Boer (1860-1939) dy’t benammen bekend wurden is as skriuwster fan Afkes’s tiental (1903). Fan Hichtum liet har boeken faak yn Fryslân spylje, mar skreau om pragmatyske redenen foaral yn it Nederlânsk. De Fryske oersetting De tsien fan Marten’s Afke ferskynde pas yn 1957. Dat ferhaal oer in earme arbeidershúshâlding mei in soad bern op it Fryske plattelân wurdt noch altyd oerset en werprinte en ferskynde yn 2014 as ‘graphic novel’ (byldroman) troch tekener Dick Matena. 

De Fryske berneboeken út de begjintiid falle op troch har moaie foarmjouwing. Dat jildt foar it Frysk Mearkeboek (1924) fan Janneke Ratsma, Sipke en ik, it earste jongesboek (1922) fan G. Elgersma, Twiljochtteltsjes (1928) fan Simke Kloosterman of De jonge priiskeatser (1939, yn 1932 al útjûn as Jelle van Sipke Froukjes) fan Nynke fan Hichtum. De foarm wie neffens Fan Hichtum nammentlik minstens sa wichtich as in ‘waarme, besieljende ynhâld’. 

Nynke fan Hichtum.jpg

Portret fan Nynke fan Hichtum, makke troch Jelle Troelstra (orizjineel yn Tresoar).

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Oer Nynke fan Hichtum
  • 2

    OPDRACHT:

    Jeugdliteratuer yn de earste helte fan de 20ste iuw

Oare finsters

  • Finster 11

    Simke Kloosterman

    Simke Kloosterman Perioade: 1900-1945

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie de skriuwster fan de earste, moderne roman yn it Frysk, De Hoara’s fan Hastings (1921). Dat boek, oer in heit en in soan dy’t har beide jilde litte wolle, wie krekt as Kloosterman har folgjende roman It Jubeljier (1926) basearre op har famyljeskiednis en it doarp Twizel (‘Hastings’) dêr’t se grut waard. Har eigen libben jout allyksa genôch stof foar in roman.

  • Finster 12

    Douwe Kalma

    Douwe Kalma Perioade: 1900-1945

    Priizge en ferspijd waard Douwe Kalma. Doe’t dizze warbere skriuwer ein 1953 ûnferwachte ferstoar, kamen mear as trijehûndert foaroansteande Friezen om him de lêste eare te bewizen. Jan Wybenga dichte dêr yn 1953 oer: ‘Elk song om ’t hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar./ Doe mochten we der út; mei geastferdriuwend klokfertoan/ gyng ’t om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan.’

  • Finster 13

    De boereroman

    De boereroman Perioade: 1900-1945

    De boereroman hat oerienkomsten mei de heimatliteratuer yn Dútslân, dêr’t de noarmen en wearden fan foar de yndustriële revolúsje yn ferhearlike wurde en it plattelân idealisearre. De haadpersoanen yn de Fryske boereromans bliuwe lykwols altyd minsken mei tekoarten, soms binne it sels streekrjochte ferliezers. Se ferskille dêryn fan de Germaanske superhelden út de Heimat- en Blut-und-Bodenliteratuer. 

  • Finster 14

    Koloniale literatuer

    Koloniale literatuer Perioade: 1900-1945

    Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.  

  • Finster 16

    Obe Postma

    Obe Postma Perioade: 1900-1945

    Obe Postma (1868-1963) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Yn syn gedichten riuwt er ferline, hjoed en takomst oan inoar om sa in tiidleaze wrâld te skeppen. Dy wrâld wurdt troch hieltyd wer nije lêzers ûntdutsen, wêrby’t it filosofysk karakter fan Postma syn wurk ta de ferbylding sprekt.