Yn de ynlieding fan Haadstik 4 wurdt ôfweefd mei de tradysjonele
boereroman dy’t by Fryske lêzers sa lang populêr wie. De Jongfryske
Mienskip ûnder lieding fan Douwe Kalma liet net in spaan hiel fan wat
foarhinne de populêrste boeken fan Fryslân wienen. Romans oer boeren,
har famyljes, har konflikten, har striid mei de natoer en de grûn.
Sels Waling Dykstra, dochs in grutte namme yn Fryslân, hie ôfdien. Der wie daliks in nije stjer oan de literêre himel:
Foar
de jongerein wie fansels net Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel,
mar Kloosterman har roman De Hoara’s fan Hastings (1921) de earste
Fryske roman en in nij hichtepunt yn de Fryske literatuer (finster 11).
Likegoed:
Kloosterman har roman oer Hester Hoara en har (boere)famylje ferlear ek
al gau de glâns. Dat sille wy sjen yn de opdrachten hjirnei.
Opdracht 1a.
Hoe feroare de wurdearring foar De Hoara’s yn it earste part fan de 20e iuw?
Set earst de frege gegevens oer de roman yn it skema:
Jier fan ferskinen |
Skriuwer |
Titel |
|
|
|
Foar de ynfulling fan it folgjende skema ha jimme de folgende teksten noadich:
a. foar 1921: Finster 11 Simke Kloosterman
b. foar 1940 en 1960: Finster 13 De Boereroman
Tiid |
Wurdearring |
Achtergrûn/reden |
1921 |
|
|
1940 |
|
|
1960 |
|
|
Skriuw in konklúzje fan in heale A4 op oer wurdearring fan literêr
wurk. Brûk yn dyn tekst yn alle gefallen de wurden ‘tiid’ en ‘dynamysk’.
Opdracht 1b.
Wannear is in ferhaal in boereroman?
Yn de twadde en tredde alinea fan Finster 13 oer de Boereroman wurde skaaimerken (= kenmerken) fan dat sjenre neamd.
Meitsje in list fan dy skaaimerken. Skriuw minimaal 5, maksimaal 7 op.
Opdracht 1c.
Yn de twadde alinea fan Finster 13 oer de boereroman wurde fiif klassikers út de earste helte fan de 20e iuw neamd.
Meitsje fan dy fiif in oersjoch. Folje dêrfoar it folgjende skema yn:
Foar de earste trije kolommen hast Finster 13 noadich. Foar de fjirde kolom moast sykje op de websites Sirkwy en/of Lezen voor de Lijst (Fries).
Foar
wa’t net wit wat der yn kolom 4 stean moat: in karakteristyk is hjir:
in sin of in pear sinnen dy’t dúdlik makket /meitsje wêr’t it boek oer
giet.
Foarbyld fan sa’n Karakteristyk-yn-ien-sin:
Krús fan de Hollanner. Ferhaal oer Grutte Pier syn striid tsjin de Hollanders (en himsels).
Titel |
Skriuwer |
Jier |
Karakteristyk |
It Heechhôf |
|
|
|
|
|
1938 |
|
|
Douwe Kiestra |
|
|
|
Reinder Brolsma |
|
|
De Gouden Swipe |
|
|
|
Opdracht 1d.
De boereroman wie lang in populêr sjenre. De lêste tiden wurde se kwalik mear skreaun/útbrocht.
a. Kinsto dy yntinke wêrom’t boereromans yn ús moderne tiid net mear safolle lêzen wurde? Jou dyn mooglike ferklearring dêrfoar.
b. De problematyk omtrint de fierdere ûntjouwing fan it plattelân en dêrmei ûnder oaren it buorkjen yn moderne tiden is wól in ûnderwerp dat in soad maatskiplike oandacht kriget. Dat sjochst net sa bot werom yn de foarm fan boeken en literatuer mar wol op bygelyks it toaniel en yn de muzyk.
Undersykje dat ferskynsel troch ynformaasje te sykjen oer:
- it begryp ‘landschapspijn’/lânskipspine
- de toanielfoarstelling ‘Koning van het Grasland/Kening fan de Greide’
Skriuw in tekst dêr’tst de ynformaasje dy’tst fûn hast yn ferwurkest. Tal wurden: 250-300.
Der is (sjoch hjirfoar) dus in spanningsfjild tusken ekonomy en ekology: moderne agraryske produksjemetoaden en in ryk oanbod oan fûgels en planten sitte elkoar yn it paad.
- Skriuw in ferfolch op de ynformative tekst dy’tst krekt makke hast. Yn dat ferfolch skriuwst yn ien of twa alinea’s op hoe’t it neffens dy fierder moat mei it Fryske plattelân: mear produksje of mear natoer?