| De leden fan de sjuery (offisjeel: ‘advyskommisje’) foar de Gysbert Japicxpriis (sjoch side 73) beoardielje it nije en oarspronklik Frystalige literêre wurk fan de foargeande fjouwer jier, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2015 gie it om proaza: likernôch tachtich titels, benammen romans, yn de folle breedte fan it sjenre – fan boeken foar de lêzer dy’t wat beleve wol en werkenning siket oant titels foar de betûfte literêre fynpriuwer. De sjueryleden stelden fêst dat yn dy bulte boeken de balâns tusken tradysje en eksperimint de kant fan de tradysje oer hong. Sy doelden dan op realistysk proaza mei in oriïntaasje op de eigen Fryske plattelânssituaasje, in protte skiednis, in autobiografyske ynstek en taalgebrûk rjochte op it oerbringen fan de ferhaalline. Mar der wie ek oar wurk. ‘De bysûnderste boeken binne meastentiids dyselde dy’t de Fryske oriïntaasje ferrykje mei in fernimstich taalgebrûk en in mear as sljochtweihinne fertellen. (…) Dat krekte en gauris riskante ekstra omtinken foar de taal jout oan de beheinde geografy fan it Fryske lân in alluere dy’t boppe de seediken útstekt.’ Dy kwalifikaasje gou de tolve titels fan de longlist. Dêr keas de sjuery in shortlist út fan trije, dy’t der útkipen yn styl, taalrykdom en fernijing: Littenser Merke (2013), In kop as in almenak (2013) en Einum (oersetting selde titel, beide fan 2012). Einum waard bekroand mei de Gysbert Japicxpriis fan 2015. EAle S. van Zandbergen (berne yn 1956) wie yn de jierren tachtich redaksjelid fan moanneblêd De Strikel. Syn debút Littenser Merke wie by de ferskining in sensaasje. It boek krige ûntelbere loovjende resinsjes en der ferskynden fjouwer printingen. Littenser Merke fertelt it ferhaal fan it ûngelokkige houlik fan in dûmny en syn frou yn it doarp Littens oan it begjin fan de njoggentjinde iuw, ofwiksele mei de coming of age fan in slachterssoan dy’t yn de jierren sechstich-santich fan de tweintichste iuw yn datselde doarp wennet. De ferhaallinen reitsje hieltyd mear ferfrissele en komme oan de ein by inoar. Van Zandbergen krige foar dizze roman de Fryske debútpriis en de priis foar de bêste roman.
Elske Schotanus (1957) makke har
entree yn de Fryske literatuer as
meiwurker fan it digitale tydskrift
Kistwurk (sjoch side 119). Har
trochbraak nei it grutte publyk
kaam yn 2013 mei de factionroman
In kop as in almenak. Elske Hindriks, skûlnamme fan de skriuwster en
ek in personaazje yn it boek, fertelt
oer de skiednis fan har foarfaars,
benammen dy fan har mem op
leeftyd, dy’t grut waard oan board
fan in skûtsje. It boek jout sa ek in
byld fan in ferdwûne skipperswrâld.
Yn de rin fan it boek docht bliken
dat de mem hieltyd ferjitliker wurdt.
De advyskommisje: ‘Wêrs fan falske
romantyk of nostalgy toant de roman
maatskiplike feroaringen, springend
troch de tiid, wêrby’t de notiid hieltyd
sterker yn ’e kikert komt.’ Koos Tiemersma (1952) debutearre yn 2002 mei de roman De ljedder (De ladder, 2007) dêr’t fuortendaliks syn bysûndere styl en karakterisearring fan de personaazjes yn opfoelen. Hy ûntjoech him ta in produktyf skriuwer, dy’t yn 2010 oankundige dat er allinne noch yn eigen behear e-boeken útjaan woe, tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk, ûnder de skûlnamme Froon Akker. It priiswinnende Einum ferbyldet achttjin personaazjes yn de útbuorren Einum oan de Waadseedyk, bedrige troch krimp, sloop en hieltyd neieroan krûpende yndustry. De lêzer folget de Einumers yn har dreamen, iensumens en striid om it bestean en ûntdekt geandewei hoe’t har libbensrin ferweefd is. Yn in firtuoaze fertelstyl jout de skriuwer elk personaazje in eigen gesicht. De sjuery neamde it boek in ynfielende oade oan in krimpend plattelân en ornearre dat Einum net allinne yn Fryslân leit. Ale S. van Zandbergen
Elske Schotanus yn 2015
|