| ‘Ik skriuw sa’t ik praat en fyn it wichtich dat myn lêzers genietsje fan in moai ferhaal yn de taal fan har hert’, seit Hilda Talsma (berne yn 1971). Har ‘skûtsjeroman’ Wyn fan feroaring wie it bêst ferkeapjende boek fan de promoasje-aksje ‘Boek fan de Moanne’. De roman waard allinne al by dy aksje yn de simmer fan 2015 hast seishûndert kear ferkocht. Talsma heart by de meast produktive en populêre skriuwers fan dit stuit, krekt as KFFB-auteur Anders M. Rozendal (1946), skriuwer-blogger Ferdinand de Jong (1969), Durk van der Ploeg (1930) – mei de langste steat fan tsjinst – en bestsellerauteur Hylke Speerstra (1936). Letterkundigen brûke de oantsjutting
‘populêre literatuer’ meastal om
teksten te beskriuwen dy’t, troch de
kar foar beskate ûnderwerpen of troch
har foarm, in grut publyk oansprekke.
Populêre skriuwers krije minder faak
literêre erkenning yn de foarm fan
in literêre priis of yn resinsjes. Yn
Fryslân hâlde de KFFB der mei op syn
boeken foar resinsje op te stjoeren
nei De Tsjerne en Trotwaer omdat
de besprekken dochs altyd negatyf
útfoelen. Mar de skiedsline is yn de
rin fan de jierren diziger wurden. Sa’t
wy yn finster 19 al seagen, krige KFFBauteur Willem Tjerkstra yn 2003 de
Gysbert Japicxpriis. Yn Fryslân wurdt
populêre literatuer tsjintwurdich al
resinsearre yn de deiblêden en yn de
literêre tydskriften. Hilda Talsma yn 2014. |