Zolang de boom bloeit

Nei 2000

Fryske literatuerwittenskip

Fan perioade Nei 2000 Fryske Akademy



Literatuerwittenskippers bestudearje it atelier fan de skreaune taal. Se ûndersykje hoe’t it om en ta giet yn dat atelier. Hoe wurkje skriuwers mei de talen dy’t sy ta har foldwaan ha?

‘It Frysk hat net sa’n protte lêzers, minder as ik hope hie. De âldste soan fan myn suster blêde troch it boek en lei it fansiden, skrokken fan de dakjes en streekjes boppe de letters. Freonen yn Grins kinne it sowieso net lêze. Ien fan myn stúdzjematen wie echt teloarsteld. Hy sei: “Meie wy der de oare kear ek mei yn ’e kunde komme?” Ik hâlde my foar dat myn motiven suver wienen. Ik woe in wrâld fêsthâlde dy’t oan it ferdwinen is, de wrâld fan myn âlden en myn foarâlden. Toch hie ik ek in minder nommel motyf. Om’t der net sa folle jongelju binne dy’t yn it Frysk skriuwe, kaam ik frij maklik yn kontakt mei in útjouwerij.’ – oanhaal út de roman Renger (2016, Fryske ferzje) fan Nyk de Vries.

Literatuerwittenskippers bestudearje it atelier fan de skreaune taal. Se ûndersykje hoe’t it om en ta giet yn dat atelier. Hoe wurkje skriuwers mei de talen dy’t sy ta har foldwaan ha? Wat foar produkten komme út de wurkpleats en hoe slute dy, wat ideeën en útfiering oangiet, oan by wat op dat stuit yn oare ateliers makke wurdt? Hoe wurde se ûntfongen troch lêzers en kritisy? Mei de Fryske literatuer is der wat bysûnders geande. It oantal resinsinten is lyts, it oantal essayisten noch lytser en der binne hast gjin (betelle) ûndersikers mear warber. Dat hat op termyn gefolgen foar de status fan de Fryske literatuer. It romanfragmint fan De Vries leit de wichtichste knyppunten fan de Fryske taal, literatuer en dêrmei ek de literatuerwittenskip bleat. It meast resinte taalûndersyk fan de provinsje Fryslân lit sjen dat de Friezen harsels anno 2018 leaver typearje as meartalich as as Frysksinnich. De Fryske taal is de ôfrûne desennia fanselssprekkender wurden yn bygelyks it iepenbier bestjoer en (yn sprektaalfoarm) op sosjale media. Tagelyk rint it skriftlik gebrûk neffens de offisjele taalnoarm tebek en belytset it oantal sprekkers en lêzers. Undanks de ferplichte lessen Frysk yn it basisûnderwiis fynt de jongerein it dreech om Frysk te lêzen – de skriuwtaal stiet foar har fier ôf fan de sprektaal. Skriuwers kieze der dêrom hieltyd faker foar om net allinne yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk (en soms ek Ingelsk) te publisearjen. Foar wittenskippers is de taalkar likemin frijbliuwend. Yn har publikaasjes sjogge wy in kanteling fan it Frysk nei it Ingelsk.

It bloeitiidrek fan de stúdzje fan de Fryske literatuer leit tusken 1976, it jier dat de Fryske Akademy foar it earst in letterkundige oanstelde, en 2008, it jier dat letterkunde út it ûndersyksprogramma fan datselde ynstitút ferdwûn. Yn dat tiidrek ferskynden almeast út it fermidden fan de Fryske Akademy, it FLMD (letter Tresoar) en de universitêre fakgroepen Frysk yn Amsterdam en Grins de folgjende wurken: beheinde en wiidweidige literatuerskiednissen, ferskate rigen ‘Sammele wurk’, blomlêzingen, werútjeften fan Fryske klassikers, dissertaasjes oer Fryske literatuer en in nust biografyen fan Fryske skriuwers. Dy publikaasjes ha bydroegen oan de kanonfoarming, it proses wêryn’t dielnimmers oan en ûndersikers fan de Fryske literatuer kedize oer hokker teksten, auteurs en ûntjouwingen fan belang binne, en foarmje de basis foar nij ûndersyk.

Foar in bloeiende literatuer binne skriuwers en lêzers wichtiger as ûndersikers. It binne fansels yn it foarste plak de literatuerwittenskippers sels dy’t it begruttet dat der gjin ûndersyksjild frijmakke wurdt foar har fakgebiet. Lykwols hat it ferdwinen fan de Fryske literatuerwittenskip ek in bredere maatskiplike útwurking. Foar skriuwers betsjut it bygelyks dat der gjin wittenskiplike diskusjes mear fierd wurde oer Fryske literatuer. Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad jouwe noch wol geregeld omtinken oan Fryske literatuer en Frysk wurdt as fak oanbean yn it fuortset ûnderwiis, yn it hbû (NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert biedt learare-opliedingen Frysk oan) en oan de universiteiten fan Grins en Kiel. Oan de Ryksuniversiteit yn Grins bart dat yn it ramt fan de bredere stúdzje Minorities & Multilingualism.

730 Gebou Fryske Akademy.jpg

Gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Fideo

Lêstips

Opdrachten

Oare finsters

  • Finster 28

    Populêre literatuer

    Populêre literatuer Perioade: Nei 2000
    ‘Ik skriuw sa’t ik praat en fyn it wichtich dat myn lêzers genietsje fan in moai ferhaal yn de taal fan har hert’, seit Hilda Talsma (berne yn 1971). Har ‘skûtsjeroman’ Wyn fan feroaring wie it bêst ferkeapjende boek fan de promoasje-aksje ‘Boek fan de Moanne’. De roman waard allinne al by dy aksje yn de simmer fan 2015 hast seishûndert kear ferkocht
  • Finster 29

    Trije romans fan de lêste tiid

    Trije romans fan de lêste tiid Perioade: Nei 2000
    De sjueryleden stelden fêst dat yn dy bulte boeken de balâns tusken tradysje en eksperimint de kant fan de tradysje oer hong. Sy doelden dan op realistysk proaza mei in oriïntaasje op de eigen Fryske plattelânssituaasje, in protte skiednis, in autobiografyske ynstek en taalgebrûk rjochte op it oerbringen fan de ferhaalline. Mar der wie ek oar wurk.